Akashi-Kaikyō Brêge

Ut Wikipedy
De Akashi-Kaikyō Brêge yn Japan.

De Akashi-Kaikyō Brêge, ek wol de Parelbrêge, is in hingbrêge tusken de stêd Kobe en it eilân Awaji yn Japan en leit oer de Akashi Seestrjitte. It foarmet in part fan de snelwei tusken Honshû en Shikoku. De Akashi-Kaikyō Brêge is de langste hingbrêge op de wrâld, mjitten nei de lingte, 1990,8 meter, fan de middelste haadoerspanning tusken de pylders. De brêge waard yn 1998 oplevere.

De brêge is ien fan de wichtichste ûnderdielen fan it Honshû-Shikoku Brêge Projekt.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foardat de Akashi Kaikyō Brêge boud wie, farden der fearboaten oer de Akashi Seestrjitte yn Japan. Dizze gefaarlike wetterwei hat faak te krijen mei swiere stoarmen, en yn 1955 sonken der twa fearboaten yn in stoarm, mei 168 deaden as gefolch. De reaksje fan it publyk soarge derfoar dat it Japanske regear wurk makke fan in brêge oer de seestrjitte.

It plan wie om ek in spoar oer de brêge te bouwen, mar by de start fan de bou yn april 1986 waard besletten om allinnich in wei mei 6 rydbanen te bouwen. De bou fan de brêge wie yn 1998 klear en op 5 april fan dat jier waard de brêge foar it ferkear iepene.

Op de wei fan de Akashi-Kaikyō Brêge.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Akashi Kaikyōbrêge hat trije oerspannings. De middelste oerspanning is 1990,9 meter lang, de twa oare oerspannings hawwe in lingte fan 960 meter. De brêge is yn totaal 3.911 meter lang. De sintrale oerspanning soe earst 1990 meter wurde, mar troch in ierdskodding op 17 jannewaris 1995 kamen de twa tuorren hast in meter fierder fan elkoar te stean.

De brêge is sa ûntwurpen dat it wynsnelheden oant wol 286 kilometer it oere hâlde kin en ierdskoddings fan 8,5 op de Skaal fan Richter. De twa grutste ûndersteuningstuorren komme 298 meter boppe de seespegel. Yn de simmer kin dêr troch de hjitte noch 2 meter by komme. Elts anker befet 350.000 ton oan beton. De stielen kabels hawwe 300.000 kilometer tried, de kabels hawwe in diameter fan 112 sintimeter en hat 36.830 ferskate kabeltried.

De bou hat sa’n 3,8 miljard euro koste. Dit moat werom fertsjinne wurde mei it heffen fan tol by riders dy’t oer de brêge ride.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]