Hiroshima

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jûntiid yn Hiroshima
Loftfoto nei de atoombom.

Hiroshima is in stêd yn it súdwesten fan Japan. Der wenje 1.159.391 minsken (2007).

[bewurkje seksje] Atoombom

Op 6 augustus 1945 waard in atoombom op de stêd smiten. Dat wie de earste kear dat in atoombom yn in kriich brûkt waard. 80 persint fan de stêd wie mei de grûn lyk makke, wat noch oerien stie wie slim skansearre. It deadetal wurd tusken de 90.000 en 200.000 minsken rûsd. De twadde en lêste atoombom dy't yn in kriich brûkt waard foel op Nagasaky.

[bewurkje seksje] Nije stêd

Yn 1949 waard de stêd wer opboud. Hjoed is Hiroshima in wichtige yndustrystêd yn Japan. Der wenje 1,16 miljoen minsken en is de alftgrutste stêd fan Japan. It radioaktive strielingsnivo yn de stêd is net heger dan op oare plakken yn de wrâld (natoerlike radioaktive strielingsnivo).

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen