Honsjû

Ut Wikipedy
De lizzing fan Honsjû yn Japan.

Honsjû, ek wol stavere as Honshu (Japansk: 本州, Honshū), is it grutste eilân fan Japan, en teffens it op seis nei grutste eilân fan 'e wrâld. De namme betsjut letterlik "haadeilân" of "haadprovinsje".

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan 'e westkant fan Honsjû leit de Japanske See, en oan 'e eastkant de Stille Oseaan. It eilân leit súdlik fan Hokkaido, dêr't it fan skaat wurdt troch de Strjitte fan Tsugaru, noardlik fan Sjikokû, oare kant de Japanske Binnensee, en noardeastlik fan Kjûsjû, dêr't it ek fan skaat wurdt troch de Japanske Binnensee, al smellet dy yn uterste súdwesten ta de Strjitte fan Kanmon ta. Mei Hokkaido wurdt Honsjû ferbûn troch de Seikantunnel; mei Sjikokû troch trije brêgestelsels oer de Japanske Binnensee; en mei Kjûsjû troch de Kanmonkyo-brêge en de Kanmontunnel.

Honsjû is rûchwei 1.300 km lang fan noardeast nei súdwest. Op it smelste punt is it 50 km breed, en op it breedste wol 230 km. Yn totaal beslacht it in oerflak fan 227.962½ km², wat delkomt op sa'n 60% fan it Japanske grûngebiet. De kustline fan it eilân is 5.450 km lang. Yn it noarden is Honsjû fergrutte troch de ynpoldering fan kwelders, mar op oare plakken is de lêste fearnsiuw troch de stiging fan 'e seespegel wer gebiet ferlern gien. It binnenlân bestiet fierhinne út berchtme, en it heechste punt is de berch de Fuji, mei in hichte fan 3.776 m, dy't hillich is foar de oanhingers fan it sjintoïsme, de nasjonale godstsjinst fan Japan.

Utsjoch oer it sintrum fan Tokio.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it Yndonezyske Java hat Honsjû it heechste ynwennertal fan alle eilannen op 'e wrâld. Yn 2005 lei de befolkingsgrutte op 103 miljoen, wêrfan't de measte minsken yn 'e relatyf smelle stripe leechlân by de súdlike en súdeastlike kusten lâns wenje. De befolkingstichtens fan it eilân komt út op 447 minsken de km², mar dat is in gemiddelde, dat yn it binnenlân folle leger leit en by de kust lâns folle heger.

It tichtstbefolke gebiet is de Kantoflakte yn it súdeasten, dêr't 25% fan 'e befolking wennet, en dêr't de stêdekloft fan 'e Japanske haadstêd Tokio leit, dêr't ek grutte stêden as Yokohama en Kawasaki ta hearre. Oare grutte stêden op Honsjû binne Osaka, Kyoto, Kobe, Nagoya en Hiroshima, dy't allegear oan 'e súdkust lizze, en dêr't it meastepart fan 'e swiere yndustry fan Japan fêstige is.

Bekend binne fierders ek Niigata, oan 'e westkust, dêr't in protte rys produsearre wurdt; Nagano, yn it binnenlân, dêr't yn 1998 de Olympyske Winterspullen holden waarden; en Fukushima, oan 'e hegere eastkust, dêr't yn 2011 in tsûnamy in ramp yn in kearnsintrale feroarsake. Bestjoerlik is Honsjû ferdield yn fiif regio's, dy't mei-inoar 34 prefektueren (sis mar provinsjes) omfetsje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.