Springe nei ynhâld

It Nijs

Ut Wikipedy
It logo fan www.itnijs.frl

Itnijs.frl is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging (RfdFB). Dy fynt dat der yn in folwoeksen taal, lykas it Frysk, nijs te lêzen wêze moat dat oeral wei komt, net allinnich út Fryslân, mar út de hiele wrâld.

It Frysk hat him de lêste desennia ûntwikkele ta in folsleine kultuertaal, mar bûten Omrop Fryslân wurdt dy yn de nijsmedia noch hieltyd net folle brûkt, wylst it hiel gewoan wêze moatte soe dat minsken yn Fryslân it nijs yn de eigen taal oanbean krije neffens de RfdFB. Minsken yn Fryslân binne wend dat de kranten it Nederlânsk brûke en net mear as sa út en troch in stikje yn it Frysk, Stellingwerfsk, Biltsk of it Stedsk opnimme, as it oer dy talen giet of as immen oanhelle wurdt dy’t sa’n taal praat.

Om it Frysk yn de media in better plak te jaan, hat de Ried fan de Fryske Beweging yn 2009 ItNijs.nl opset, de earste folslein Frysktalige nijsside dy’t him net beheint ta de regio en saken dy’t mei de eigen taal anneks binne. Likegoed biedt de side aktualiteiten op it mêd fan Fryslân, Friezen en it Frysk. Mar dêrnjonken is der spesjaal omtinken foar de oare Fryslannen en foar talen en minderheden rûnom yn de wrâld. Fierders kinne winliken alle ûnderwerpen oan bar komme, al moat de lytse redaksje alle dagen wer in beheinde kar meitsje út it grutte nijsoanbod.

Persoanen efter It Nijs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De redaksje fan It Nijs wurket yn dieltiid en mei frijwilligers, dy't yn 'e lijte te wurk gean. It is net dúdlik hoefolle minsken wat bydrage en wa yn 'e redaksje sitte.

De stikken wurde anonym, meastal sûnder it neamen fan boarnen, ûnder redaksjenamme pleatst, sadat it net dúdlik is oft it in produkt fan profesjonele of boargersjoernalistyk oanbelanget. Op it webloch fan skriuwer Cornelis van der Wal wurdt It Nijs regelmjittich amateurisme ferwiten en hikkele.[6] FNP-riedslid Jochum Meester hat yn 2014 klage oer it hieltyd bringen fan ûnkrektheden, en net rektifisearjen.[7] Blogger Daam de Vries hat It Nijs yn 2012 in 'koppypeestmasine' neamd, en har derfan beskuldige reäksjes te sensurearjen.[8] Alle artikels binne noch werom te lêzen. Yn 2015 stienen der 15.000 berjochten op ItNijs.frl.[9]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://www.itnijs.frl/2016/06/doch-mei-oan-undersyk-nei-fernederlansking-fan-frysk/#comments Redaksje Jan Breimer
  2. https://issuu.com/fryskebeweging/docs/swingel33 Swingel 33, s.3
  3. http://www.fnp.frl/frysk/organisaasje-en-leden/partijbled-de-frijbutser/ Frijbûtser redaksje
  4. https://issuu.com/fryskebeweging/docs/swingel33 Swingel 33, s.4: "Jan Breimer is in muzykman"
  5. http://www.liedboek.nl/actueel/presentatie-lieteboek Jan Breimer - Lieteboek (2015)
  6. http://www.wegmetderandstad.nl/wordpress/?tag=it-nijs It Nijs op bloch Cornelis van der Wal
  7. http://www.itnijs.frl/2012/05/sp-yn-aksje-yn-skarsterlan/#comments Opmerking J. Meester oer It Nijs
  8. http://webdok.nl/?p=2529 Daam de Vries: "Sensuer by de djipfriezen"
  9. http://www.itnijs.frl/2015/03/15-000-berjochten-op-it-nijs