Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst

Ut Wikipedy

De Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst (YKFE) is sûnt 1984 in wurkgroep fan de Kommisje Regionaal Oerlis (CRO) yn Fryslân fan de Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PTN).

It YKFE-bestjoer bestiet út dûmnys, muzisy en finansjeel saakkundigen, dy't troch de Tsjerken beneamd wurde, oant no ta allinnich de PTN. It giet om it oersetten fan gebrûksboeken foar de tsjerketsjinsten. Dêr wurkje oersetters, musisy, teologen en digitalisten oan mei yn 'e mande mei de útjouwers Boekencentrum BV, Kok en oaren. De YKFE hat it Lieteboek foar de Tsjerken fan 1978 op CD-ROM set (yn 2004 útjûn; in kompaktskiif, dy't droegen wurdt troch in ferskaat fan Protestantske Tsjerken). Dêrnei it Tsjinstboek diel 1 fan de PTN mei help fan twa RK pastoars as waarnimmer, útjûn yn 2005 - digitaal te krijen fan Boekencentrum. Dêrnei it Sjongboekje Tuskentiden fan de Interkerkelijke Stichting voor het Kerklied (ISK) yn 2006 en it Tsjinstboek diel 2 fan de PTN yn 2010. Der wurdt wurke oan de oersetting fan it nije Liedboek - zingen en bidden in huis en kerk, fan de ISK. De útjefte dêrfan is steld op maitiid 2015. De YKFE hat in eigen webstee, mar stiet ek op it webstee fan Stifting Platfoarm Krúspunt.

De YKFE jout út en troch de YKFE-list fan Fryskpreekjende foargongers út. Dy moat net betiisd wurde mei it Ferbân fan Fryske Foargongers (FFF). De YKFE en it FFF hawwe wol kontakt meiïnoar op it platfoarm Krúspunt. It FFF hat leden fan de Protestantske Tsjerke yn Nederlân, mar ek fan de Doperske Gemeenten en inkelde oare denominaasjes en stiet foar alle oare iepen en is net ôfhinklik fan Tsjerken. It stiet op www.kruspunt.nl.

Fan de YKFE is dû. Cor Waringa fan De Jouwer de foarsitter, wylst dû. Paul Hekstra († 2017) fan Ljouwert dêr de skriuwer fan wie, dy't ek foarsitter fan it FFF wie, wylst dû. Ellert Jongstra fan Blije dêr de skriuwer fan is.

Yn novimber 2019 makke de YFKE bekend dat der in nije Fryske bibeloersetting komme moast, om't de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978 efter de tiid rekke wêze soe. Dat kaam om't der sûnt dy tiid nije ynsichten ûntwikkele wiene op it mêd fan 'e bibelútlis, en ek wie it taalgebrûk "danich feroare". Der wie in begrutting opsteld fan 500.000, wêrfan't €353.000 foar it fertaalwurk útlutsen wie. Dat bedrach moast mei subsydzjes en skinkings byinoar brocht wurde. De klassis Fryslân fan 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân hie al €50.000 tasein, sadat der yn 'e folgjende trije jier noch goed €300.000 gearbrocht wurde moast. De restearjende €147.000 fan 'e €500.000 soe bylein wurde troch de útjouwer fan 'e nije oersetting, it Nederlands Bijbelgenootschap. Foar de oplaach fan 'e nije bibel waard ynearsten tocht oan 6.000 eksimplaren. It wie de bedoeling dat oan 'e oersetting û.m. de bekende predikant en oersetter Liuwe Westra fan Lollum meiwurkje soe.[1]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • De skriuwer fan boppesteand artikel is dû. Paul Hekstra
  1. Hout, Wiebe van der, "Geef en linich Frysk" in nieuwe Bijbel, yn: de Ljouwerter Krante, 11 novimber 2019, s. 21.