Hongerjierren

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Hongerjierren wienen der yn Fryslân mei troch de ekonomyske tastân in soad yn de 16e ieu. Yn 1554 foel de grins tusken roomsk en antiroomsk gedieltlik gear mei de skiedsline tusken earm en ryk. (J.S. Theissen). De Byldestoarm fan 1566 wie dan ek net sasear in religieuze beweging. (L.J. Rogier)

Benammen 1557 wie in echt hongerjier. De tinkstientsjes yn de tsjerke fan Lytsewierrum en Fiskflyt tsjûgje dêrfan. De rogge wie die ferskuorrende djoer. De regulieren fan Burgum fûnen it dat jier lykwols te omslachtich om it nôt te terskjen en brûkten it as struisel foar de hynders en foar bistefretten.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red. - Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) : Hongerjaren.
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels