Historia Augusta

Ut Wikipedy

Skiednis fan de Keizers (Latyn: Historia Augusta) is de beneaming fan in bondel biografyske teksten besteande út tritich boeken dy't de libbens fan keizer Hadrianus oant Numerianus (fan 117 oant 284 nei Kr.) beskriuwe, mar foar it tiidrek nei Septimius Severus in protte kletspraat, rabberij en opsetlike ûnkrektens befetsje. Histoarysk sjoen is de Historia Augusta net betrouber, mar op sommige punten dochs wol wer ...

It skriuwersfraachstik[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tritich boeken binne oerlevere op namme fan seis skriuwers, te witten: Aelius Lampridius, Aelius Spartianus, Julius Kapitolinus, Fulkasius Gallikanus, Trebellius Pollio en Flavius Fopiskus. Hja pretindearren te skriuwen yn de earste helte fan de 4e iuw, de tiid fan de keizers Diokletianus en Konstantyn de Grutte dêr't de measte biografyen oan opdroegen binne.

Yn 1889 toande Hermann Dessau yn syn baanbrekkende Über Zeit und Persönlichkeit der Scriptores Historiae Augustae oan, dat de seis auteurs pseudonimen binne fan fermoedlik ien auteur dy't op de ein fan de fjirde iuw ûnder it regear fan Teodosius I skreau. It oanfurdzjen fan dizze teze krong mar stadichoan troch by de gelearden en op it heden binne der noch mar in pear oerbleaun dy't leauwe dat de Historia Augusta destiids yndied troch seis auteurs skreaun binne.

It wurk, dat allinnich it libben fan heidenske keizers beskriuwt, kin besjoen wurde yn de kontekst fan de polemyk tusken it Kristendom en de tradisjonele Romeinske religys.

Ta de boarnen fan de Historia Augusta heare mooglik de yn distiid ferlern rekke keizerbiografyen fan de skriuwers Marius Maksimus, Deksippus, Eunapius, en de saneamde Enmannsche Kaisergeschichte. De Grykske skiedskriuwers Herodianus en Kassius Dio, dy't yn it earste fearn fan de tredde iuw skreaunen, binne wol bewarre bleaun, en waarden ek troch de skriuwers fan de Historia Augusta brûkt.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]