Herodianus

Ut Wikipedy

Herodianus170 oant 240) wie in Gryksktalige skriuwer dy't in skiednis beskreau fan it Romeinske Ryk dat it tiidrek beslacht tusken 180 en 238.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan Herodianus persoanlik libben is sawat neat bekend en wat wy al witte is basearre op ferûnderstellings. Hy wie fan Gryksk komôf, mooglik út Antiochje yn Syrje en kaam út ienfâldich laach. Yn de Romeinske haadstêd Rome beklaaide er, nei it skynt, in legere amtlikte funksje en hat ferskillende wichtige foarfallen út dy tiid sels meimakke.

Syn eigen herinneringen foarmje, mei de tsjûgenissen fan eachtsjûgen, de basis fan syn wurk. In inkele kear, bygelyks by de beskriuwing fan Septimius Severus syn suksesfolle kampagnes tsjin de Parten, liket der in boarne te wêze (yn dit gefal de Bôge fan Septimius Severus op it Forum Romanum). Nettsjinsteande dat er gjin tagong hie ta offisjele dokuminten jout syn skiednis in betrouber byld fan dy tiid.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Gryksk skreau hy oer de Romeinske skiednis fan it regear fan keizer Markus Aurelius oan de troansbestiging fan Gordianus III. De ynhâld is wat ûnevenwichtich ferdield, de acht haadstikken wurde nei it ein hieltyd koarter en de meast oandacht giet út nei it fiifkeizersjier 193 en it seiskeizersjier 238.

It wurk fan him befettet in protte nijsgjirrige en wichtige details, bygelyks de skitterjende beskreauwing fan de troansbesiging fan Heliogabalus (218-222) tidens it yn Rome fierde Akitufestival. It ferslach dat Herodianus fan syn bewâld jout is gâns minder kleurd as dat fan syn tiidgenoat en kollega, de deftige senator Kassius Dio.

Omdat De skiednis fan it Romeinske Keizerryk sûnt Markus Aurelius skreaun is yn flot Gryksk, hat it altyd in protte lêzers hân. Lykwols hat syn reputaasje lange tiid in soad te lijen hân troch it feit dat er foar de earste helte fan syn wurk konkurrinsje hie yn de foarm fan Kassius Dio, dy't better oanskreaun stie. Mar yn distiid is dat sterk ferbettere en wurdt him net langer neidragen dat er by de maatskiplike elite hearde.

Resinte literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • F.L. Müller, Herodian. Geschichte des Kaisertums nach Marc Aurel: Griechisch und Deutsch, Stuttgart, 1996.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]