Hermann Ungar

Ut Wikipedy
Hermann Ungar
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Tsjechysk
berne 20 april 1893
berteplak Boskovice (Sud-Moraavje)
stoarn 28 oktober, 1929)
stjerplak Praach
etnisiteit Moravysk
wurk
taal Dútsk
sjenre toaniel, roman, koart ferhaal
bekendste
  wurk(en)
Die Verstümmelten, Die Klasse
jierren aktyf 19201929
offisjele webside
n.f.t.
Earste útjefte fan Die Verstümmelten, by Rowohlt, Berlyn, 1923

Hermann Ungar (Boskovice, 20 april, 1893Praach, 28 oktober, 1929) wie in Moravysk Dútsktalige skriuwer en in amtner by it Tsjechoslowaaksk Ministearje fan Bûtenlânske Saken.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ungar kaam út in begoedige joadske famylje. Syn heit wie boargemaster fan de ôfskiedene joadske mienskip fan Boskovice yn Súd-Moraavje en hie in distillearderij.

Ungar waard troch Thomas Mann as in grut skriuwer priizge. Syn romans binne beynfloede troch it ekspresjonisme en de psychoänalyse. Syn wurk, lykas 'De Skeinden', docht somtiden oan dat fan Franz Kafka tinken. Ungar jildt as in Einzelgänger yn it Praachse literêr fermidden fan in Franz Kafka, Franz Werfel, Ernst Weiß en Max Brod.

Ungar studearre in blaumoandei letterkunde yn Berlyn, doe rjochten yn München en letter oan de universiteit fan Praach en wie dêr in warber lid fan de joadske studintebeweging Barissia. Hy promovearre yn april 1918. Yn de Earste Wrâldkriich rekke er ferwûne oan it Eastfront. De ferwoasting op it slachfjild fan minske en bist hat syn wurk tige beynfloede.

Yn novimber 1922 boaske er Margarethe Weiss. Hja krigen twa soannen, Thomas (1923) en Alexander Mattias (1929).

Ungar stoar, noch mar 36 jier âld, yn 1929 oan in akute blinetermûntstekking yn in Praachsk sikehûs. Hy hie de gong nei dokter útsteld omt er earst mei sionistyske freonen nei Palestina woe. Hy leit te hôf op Malvasinka yn Praach.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Knaben und Mörder (1920)
  • Die Verstümmelten (1923, roman)
  • ''Die Klasse (1927, roman)
  • Der rote General (1928, toanielstik)
  • Die Gartenlaube (1930, toaniel)
  • Colberts Reise (1930, koarte ferhalen)

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Carina Lehnen: Krüppel, Mörder und Psychopathen: zu Hermann Ungars Roman „Die Verstümmelten“. Igel, Paderborn 1990, ISBN 3-927104-09-4.
  • Manfred Linke: Hermann Ungar. Eine Einführung in sein Werk und eine Auswahl. Steiner, Wiesbaden 1971.
  • Dieter Sudhoff: Hermann Ungar. Leben – Werk – Wirkung. Würzburg 1990.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]