Herman Broers

Ut Wikipedy
Herman Broers
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 1970
berteplak Burgum
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk Nederlânsk
jierren aktyf sûnt 1994
offisjele webside
https://hermanbroers.nl/

Herman Broers (Burgum, 1970) is in Fryske sjoernalist, haadredakteur, histoarysk auteur en útjouwer út Skerpenseel. Sûnt 2003 leit er him ta op (historyske) boeken, magazines, lêzingen en eksposysjes.

Oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Herman Broers is hikke en tein yn Burgum. Nei de Hafû oan it Drachtster Lyceum studearre er sjoernalistyk oan de hegeskoalle Windesheim. Nei syn ôfstudearjen yn 1992 folge er Skiednis oan de Frije Universiteit yn Amsterdam. As tsjinstplichtich offisier wie er einredakteur fan it frijetiidsmagazine foar definsjepersoniel 'TM' yn Gouda.

Parseburo[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei syn tsjinsttiid begûn er yn Kampen in parseburo mei syn maat Wilfried Vonk. Dat selsstannige parseburo levere nijs út Oerisel en Gelderlân oan it Algemeen Nederlands Persbureau (ANP), RTV Oost, Brugmedia, Rebecca Radio, ANWB Media, Zwolse Courant en it Reformatorisch Dagblad. Artikels en foto ’s waarden ek levere oan lanlike en regionale magazines as MKB RegioVisie en de Waterkampioen (ANWB). Yn 1999 wie Broers in set dosint op Windesheim yn Swol. Jierren letter beskreau er yn opdracht fan Windesheim de skiednis fan de Swolske hegeskoalle ûnder de titel Onrust in de wijngaard, de wording van Windesheim. Hy stapte dêrnei oer fan de (nijs)sjoernalistyk nei it (histoarysk) auteurskip.

Histoarysk auteur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 1994 skriuwt Broers boeken en artikels foar magazines. Hy is foarsitter fan de histoaryske feriening foar de Iseldelta ‘Jan van Arkel’, koördinator fan it Historisch Tijdschrift ‘HT’ en redaksjelid fan it kultuerhistoarysk jierboek de 'Kamper Almanak'.[1] en skriuwt artikels oer ûnderwerpen en persoanen út de Kamper skiednis. Sa makke er it Historisch Tijdschrift fan de Histoaryske Feriening foar de Iseldelta ‘Jan van Arkel’ yn Kampen.[2]

Blauw Haar, het mirakel van academiestad Kampen, is in tiidsdokumint fan syn hân oer de opkomst en ûndergong fan Kampen as akademystêd. Nei it ferskinen waard it boek nominearre foar it 'Bêste Oeriselske Boek'.[3] 'De Stadskazerne' beskriuwt de fan de leechsteande Van Heutszkazerne yn Kampen. Verhalen van de Engelenberg skreau er mei Geraart Westerink oer it foar sloop behoede âlde stedssikehûsgebou fan Kampen.

Biograaf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei arts John Jacobze wie Broers de oprjochter fan de Willem Kolff Stichting yn Kampen. De stifting slagge der yn om de wurkkeamer fan dokter Kolff te behâlden as museaal punt yn it âlde sikehûsgebou, no Myosotis fan wensoarchsintrumkonsern IJsselheem. Broers is as directeur en mei-oprjochter belutsen by eksposysjes, programmearring en management.

Fan syn hân ferskynden twa boeken oer de Nederlânske medikus Willem Kolff, útfiner fan de keunstnier. Broers begûn yn 2008 oan in dissertaasjes oer libben en wurk fan Kolff oan it Biografy Ynstitút fan de Ryksuniversiteit Utert.[4] - Yn opdracht fan it Maasstad Sikehûs yn Rotterdam kaam der in eksposysje en ferskynde it boek 65 Jaar dialyse op Zuid. Van Twiss naar Maasstad. As Kolffbiograaf wie er fan 2009-2011 ferbûn oan it Biografy Ynstitút fan de Ryksuniversiteit Grins. Dêrnei ferskynden in tal grutte histoaryske boekproduksjes lykas Blauw Haar, het mirakel van academiestad Kampen, in oral-historyprojekt yn de mande mei Windesheim, ArtEZ, de Theologische Universiteit en Stedelijk Museum Kampen, ynklusyf in fotoboek en in eksposysje. De yn 2018 ferskynde in nije, aktualisearre ferzje fan De man die miljoenen levens redde, Dokter Willem Kolff 1911-2009 foarme de basis foar in portret fan Kolf foar it telefyzjeprogramma 'Andere Tijden'. Boppedat feskynde yn 2020 opnij in Ingelske edysje, Father of Artificial Organs.

Redakteur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2022 waard er haadredakteur fan de Friesland Post en it Historisch Tijdschrift Fryslân, fan it Keninklik Frysk Genoatskip foar Skiednis en Kultuer.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Moonshine Bar (2022)
  • Father of Artificial Organs (2020)
  • 65 jaar dialyse op Zuid. Van Twiss naar Maasstad (2020)
  • De man die miljoenen levens redde, Dokter Willem Kolff 1911-2009 (Balans, 2018)
  • Levens in steen, de gevlijden van het Koeplein (2017)
  • Verhalen van de Engelenberg 1916-2016; (2017)
  • De Stadskazerne, overleveringstocht door de oude 'Van Heutsz' (2016)
  • Het huisje van Bles, kollumns; (2012)
  • Blauw Haar - het mirakel van academiestad Kampen; (B&Vmedia, 2010)
  • Onrust in de wijngaard - over de wording van Windesheim (Waanders, 2007)
  • Inventor for Life, the Story of W.J. Kolff, Father of Artificial Organs (2006)
  • Dokter Kolff. Kunstenaar in hart en nieren. (Mets & Schilt, 2003)

Utjouwer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As auteur en útjouwer is er belutsen by ûnderwerpen as biografy, skiednis, keunst en fotografy.

  • Freddy Schinkel, Herman Broers, Anne Boer - Freddy Schinkel Fotojournalist (HV 'Jan van Arkel', 2022)
  • Geraart Westerink - Bankier in maatschappelijk nut, leven en nalatenschap van Frans Walkate 1866-1943 (Walburg Pers, 2021)
  • Egbert Bouwmeester - Memoires (Aerie, 2021)
  • Robert Terpstra - Misrekening, een oorlogsgeschiedenis (Aerie, 2019)
  • Stichting Steentjes Koeplein Kampen - Levens in Steen (Van Warven, 2017)
  • Wouter Berns - Storypainter, magazine over schilderkunst (Aerie, 2017)
  • Wilfried Vonk - Willem Vos, biografie van een scheepsbouwmeester (Walburg Pers/Aerie, 2015)
  • Willem Vos - De bouw van een Oost-Indiëvaarder (Walburg Pers / Aerie, 2015)
  • Henk de Koning - De Zaak Siebrand (Aerie, 2012)
  • Wouter Berns - Bernsboek (Aerie, 2012)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nieuwe verhalenbundel van Herman Broers
  2. Nieuwe hoofdredacteur voor Fryslân
  3. Blauw Haar, het mirakel van academiestad Kampen
  4. Dokter Kolff, kunstenaar in hart en nieren, universiteit Utert.