Heinkel He 111

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Heinkel 111K

De Heinkel He 111 wie in bommesmiter dy't troch de Dútse Luftwaffe yn de Spaanske boargeroarloch en de Twadde Wrâldkriich ynset waard en oan alle fronten tsjinst die. It wie de rêchbonke fan de Dútske bommesmiterfleat. It prototype feach foar it earst yn febrewaris 1935.

De He 111 waard ek brûkt as transportfleanmasine en as sleepfleanmasine foar sweeffleanmasinen. Hoewol't it tastel tsjin de ein fan WOII slim ferâldere wie, moast it tsjinst dwaan bliuwe fanwege swierrichheden by de ûntwikkeling fan syn opfolger, de Heinkel He 177. It wie útrisd nei it navigaasjesysteem Knickebein.

Yn de Slach om Ingelân die bliken hoe kwetsber it tastel wie mei de de Hawker Hurricane en de Supermarine Spitfire fan de RAF as tsjinstanner. Yn 1940 die it tastel mei oan de bombardeminten op Ingelske stêden sa as Coventry. Yn 1941 wie de RAF technysk safier dat ek har nachtjagers (Bristol Beaufighter) de Heinkel 111 delhelje koenen.

De Heinkel tsjinne teffens as lansearynrjochting foar de V-1 (fleanende bom). De meast nuveraardige ferzje wie faaks de Heinkel He 111Z dy't twa rompen oan ien wjuk hie en in fyfde motor yn de midden. Dit type wie bedoeld om de reuzesweeffleanmasine, de Messerschmitt Me 321 te slepen.

De Heinkel He 111 bleau oant 1965 by de Spaanske loftmacht yn gebrûk. De Heinkel He 111 waard ek oankocht troch Bulgarije, Sjina, Hongarije, Roemeenje en Slowakije

Technyske feiten[bewurkje seksje | edit source]

Heinkel He 111 P-4 (1939/1940)
Feiten
Spanwiidte    22,50 m
Lingte    16,40 m
Hichte    3,40 m
Wjukoerflak    87,60 m²
Gewicht leech    6.775 kg
Startgewicht    13.500 kg
Motor    twa Daimler-Benz DB 601 A-1 fan 1.100 HK it stik
Topfaasje    390 km/h, fol beladen ± 330 km/o
Krúsfaasje    290 km/o
Steiggeschwindigkeit    144 m/min
Lâningsfaasje    115 km/h
Klimfaasje    2,4 m/s
Fleanberik    fol beladen 1.200 km, maksimaal 2.400 km
Tsjinstplafond    8.000 m
Bewapening    fiif beweegbere 7,92-mm-MG 15
of twa 13-mm-MG 131
Bomlading    2.000 kg yntern
Bemanning;   5
Heinkel He 111 H-6 (1941/1942)
Feiten
Spanwiidte    22,50 m
Lingte    16,40 m
Hichte    3,40 m
Wjukoerflak    87,60 m²
Gewich leech    6.775 kg
Startgewicht    14.000 kg
Motor    twa Junkers Jumo 211 D fan 1.200 HK
Topfaasje    400 km/h, folslein beladen 330 km/o
Fleanberik    fols. beladen 1.200 km, maksimaal 2.400 km
Tsjinsthichte    8.000 m
Bewapening    ien 20-mm-MG/FF (yn de noas), fiif beweegbere 7,92-mm-MG 15, of twa 13-mm-MG 131
Bomlading    2.500 kg
Bemanning    5
Heinkel He 111 H-16 (hjerst 1942)
Feiten
Spanwiidte    22,50 m
Lingte    16,40 m
Hichte    3,40 m
Flügelfläche    86,50 m²
Leechgewicht    8.680 kg
maksimale startgewicht    14.000 kg
Motork    twa Junkers Jumo 211 F-2 fan 990 kW / 1.350 HK
Topfaasje    436 km/o op 6.000 m
Klimfaasje nei 6.000 m Höhe    42 min
Fleanberik    2.900 km (mei 1.000 kg bommen)
Tsjinsthichte    6.700 m
Bewapening    ien 20-mm-MG/FF (noas), ien 13-mm-MG 131 of ien 7,92-mm-MG 81 Z Zwilling (romprêch), twa 7,92-mm-MG 81 (ûbderkant romp), twa 7,92-mm-MG 81 (siden)
Bomlading    3.000 kg
Bemanning    5

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]