Hans van Ek

Ut Wikipedy

Hans van Ek (Blije, 11 april 1901 - Burgum, 18 septimber 1977) wie in Nederlânske politikus fan de ARP.

Hy wurke as kommys by de gemeentesekretary fan Wymbritseradiel ear't er yn 1935 beneamd waard ta boargemaster fan Schoonebeek, yn Drinte. Fan 1941 oant 1945 waard yn dy gemeente ferfongen troch NSB-boargemaster Geert Bisschop. Nei de oarloch kaam er werom as boargemaster fan Schoonebeek. Yn 1950 waard er boargemaster fan de gemeente Achtkarspelen en bleaun dat oant syn pinsjoenearring yn 1966.