Springe nei ynhâld

Halbertsmajier

Ut Wikipedy
De Sint-Pitertsjerke yn Grou, dêr't op 14 jannewaris 2018 de feestlike iepening fan it Halbertsmajier holden waard.

It Halbertsmajier wie in jier dêr't spesjaal omtinken yn jûn waard oan 'e Bruorren Halbertsma. It foel yn 2018 en hie as titel meikrigen: Klinke en Daverje, in útdrukking dy't ûntliend wie oan it Frysk folksliet, dat oarspronklik troch Eeltsje Hiddes Halbertsma skreaun waard as De Alde Friezen.[1]

De feestlike iepening fan it Halbertsmajier waard holden op 'e middei fan snein 14 jannewaris 2018 yn 'e Sint-Pitertsjerke yn Grou.[1] It meastepart fan 'e aktiviteiten yn it ramt fan it Halbertsmajier fûn yn Grou plak,[1] mei't dat it berteplak fan 'e Bruorren Halbertsma's wie, dêr't twa fan 'e trije skriuwende bruorren (te witten: Eeltsje en Tsjalling) en de iene net-skriuwende broer (Binnert) suver harren hiele libben wennen.[2] De iennichste útsûndering wie de âldste broer, Joast, dy't minnistysk predikant te Boalsert en letter te Dimter wie.[3]

It wichtichste ûnderdiel fan 'e iepeningsseremoanje fan it Halbertsmajier wie in lêzing troch letterkundige Alpita de Jong.[1] Hja gie dêrby yn op it libben fan alle fjouwer Bruorren Halbertsma en de wichtige rol dy't de trije skriuwende bruorren, mar benammen Joast en Eeltsje, spilen foar it Frysk. Dat waard yn harren tiid nammentlik al sûnt de dagen fan Gysbert Japiks suver inkeld noch as sprektaal brûkt, mar troch harren Frysktalige Rimen en Teltsjes begûnen oare Friezen de taal ek wer te skriuwen. De Jong hold út dat it Joast en Eeltsje der net om gie om it Frysk yn stân te hâlden, mar om de lju ta in heger soarte beskaving oan te setten. Dat se dêrfoar it Frysk brûkten, kaam neffens har om't dat it tichtst by de minsken stie.[1] (Dit is in opfetting dy't net dield wurdt troch oare saakkundigen, lykas Philippus H. Breuker.)[4] Nei ôfrin fan 'e lêzing krige de foarsitter fan 'e Halbertsmastifting, Tsjalling Halbertsma, it earste eksimplaar útrikt fan De Aventoeren fan Gabe Skroar, in boekje oer de Bruorren Halbertsma's en harren wurk, wêrfan't de titel ferwiist nei Gabe Skroar, de haadpersoan yn in protte fan 'e koarte ferhalen fan Joast en Eeltsje Halbertsma.[1]

Oare aktiviteiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferspraat oer 2018 waard in ferskaat oan tentoanstellings, lêzings en oare aktiviteiten holden yn it ramt fan it Halbertsmajier, dat gearfoel mei it projekt fan Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018. It hichtepunt fan it jier wie de teäterfoarstelling Gabe Skroar, dy't yn juny holden waard.[1]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 1,6 Vries, Sietse de, Spot en Beschaving van de Gebroeders Halbertsma, yn: de Ljouwerter Krante, 15 jannewaris 2018, s. 21..
  2. Breuker, Philippus H., Oer Skriuwers, Boek en Utjeften, yn: Halbertsma, bruorren, Rimen en Teltsjes, Drachten, 1993 (A.J. Osinga Utjouwerij), ISBN 9 06 06 64 892, s. 587-592.
  3. Breuker, Philippus H., Oer Skriuwers, Boek en Utjeften, yn: Halbertsma, bruorren, Rimen en Teltsjes, Drachten, 1993 (A.J. Osinga Utjouwerij), ISBN 9 06 06 64 892, s. 588-591.
  4. Breuker, Philippus H., Oer Skriuwers, Boek en Utjeften, yn: Halbertsma, bruorren, Rimen en Teltsjes, Drachten, 1993 (A.J. Osinga Utjouwerij), ISBN 9 06 06 64 892, s. 593.