Golden Oak Ranch

Ut Wikipedy
Golden Oak Ranch
Yngong fan 'e Golden Oak Ranch.
Yngong fan 'e Golden Oak Ranch.
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor tillefyzje- en filmyndustry
fêstige yn Santa Clarita (Kalifornje)
oprjochte 1959
oprjochter Walt Disney en Roy O. Disney
eigner The Walt Disney Company
mem Walt Disney Studios Operations
offisjele webside
www.studiosattheranch.com
kaart
Golden Oak Ranch (Santa Clarita)
Golden Oak Ranch
Lokaasje yn Santa Clarita.

De Golden Oak Ranch is in filmranch by Santa Clarita yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, minder as in oere riden benoarden Los Angeles. De ranch is eigendom fan The Walt Disney Company en foarmet in reuseftige backlot fan 360 ha dy't brûkt wurdt foar de opnamen fan films en tillefyzjesearjes.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It lân fan wat de Golden Oak Ranch wurde soe, waard yn 'e twadde helte fan 'e 1950-er jierren yn 't earstoan pachte troch filmstudio Walt Disney Productions foar Adventures of Spin & Marty, in segmint fan it berneprogramma The Mickey Mouse Club. Yn 1959 waard it lân definityf troch Disney oankocht foar de priis fan $300.000. De namme fan 'e Golden Oak Ranch ferwiisd nei de ûntdekking fan goud yn it gebiet troch in Francisco López, jierren foar de útbraak fan 'e Kalifornyske Goudkoarts.

Bestjoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Golden Oak Ranch is yn it bedriuwekonglomeraat fan Disney yndield by Walt Disney Studios Operations (foarhinne en no noch wol bekend as Disney Studio Services), in ôfdieling fan 'e difyzje Walt Disney Studios dy't oer it behear fan studiokompleksen giet. Behalven de Golden Oak Ranch hat dy ôfdieling ek de Walt Disney Studios (Burbank), de Prospect Studios, KABC7 Studio B en Disney Studios Australia op 'e noed.

Fasiliteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Golden Oak Ranch beslacht in oerflak 360 ha. (Mei de oarspronklike oankeap yn 1959 wie mar 127 ha muoid, mar troch letter oankeapen waard de filmranch fierder útwreide.) It grutste part fan 'e Golden Oak Ranch bestiet út gerzige fjilden mei hjir en dêr in klútsje beammen, trochsnien troch twa beekjes. Der is ek in wetterfal. Al ier waarden op 'e ranch ferskate fêste filmsets yn 'e westernstyl boud, en yn 2012 waarden der ek in winkelstrjitte en in wenstrjitte boud. De winkelstrjitte omfiemet 42 winkels, wylst de wenstrjitte út 23 huzen bestiet, dy't allegearre in oare arsjitektoanyske styl hawwe.

Yn maaie 2013 makke Disney bekend dat it bedriuw plannen hie foar de ûntwikkeling fan nochris 23 ha lân fan 'e Golden Oak Ranch. Dêr moat in ultramodern filmstudiokompleks ferrize mei seis nije soundstages en dêropta produksjekantoaren. It kompleks sil "Disney/ABC Studios at The Ranch" komme te hjitten. Yn augustus 2013 waarden de plannen goedkard troch Los Angeles County.

Produksjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In seleksje fan films dy't alteast foar in diel op 'e Golden Oaks Ranch opnommen binne:

Tillefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In seleksje fan tillefyzjesearjes dy't alteast foar in diel op 'e Golden Oaks Ranch opnommen binne:

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.