Gilperik I

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gilperik I & Fredegunde

Gilperik I (Nederlânsk: Chilperik), (539 - 584) wie in Frankyske kening. Hy wie in oarlochssuchtige kening dy't de skrik fan de Friezen en Sueben neamd waard.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Gilperik wie kening fan Neustrje (of Soissons) fan ôf 561 oant syn dea. Hy wie de jongste soan fan Klotarius I en hie syn sintrum fan macht yn Soissons. Fan dêrút hearske hy oer Pikardje, Flaanderen en Henegouwen. Syn macht naam stadich oan ta doe hy it gebiet fan syn broer Garibert I erfde. Hiel syn gebiet neamde jin Neustrje.

[bewurkje seksje] Gilperik en de Friezen

Gilperik wie in earsuchtige kening dy't him oanhâldend mei oarlochfieren dwaande hâlde. Hy foel de gebieten fan syn bruorren oan en oermastere inkele stêden yn it suden (Toulouse, Bordeauks). Ek hied er súkses tsjin de Friezen, dy't hy op eigen grûngebiet fersloech tidens in fjildtocht oan de noardgrins fan syn ryk.[1] De Friezen waarden oan him skatplichtich makke.

[bewurkje seksje] Boarne

[bewurkje seksje] Fuotnoat

  1. H. Halbertsma (2000), "Frieslands oudheid, side 50.
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen