Fenantius Fortunatus

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Fortunatus op in tsjerkerút

Fenantius Honorius Klementianus Fortunatus (Valdobbiadene by Treviso (Itaalje), sa. 536 - Poitiers (Frankryk), 14 desimber 600) wie in dichter út de Merovingyske tiidrek en biskop fan Poitiers.

Fortunatus wie befreone mei Gregorius fan Toers. Hy wurdt beskôge as ien fan de wichtichste dichters op de grins fan de âldheid en de Iere Midsieuwen. Guon fan syn hymnen, benammen de Pange lingua en Vexilla regis, hearre ta de ferneamdste fan de Romeinske liturgy.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings