George Charles Beresford

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
George Charles Beresford troch syn freon Sir William Orpen, 1903

George Charles Beresford (Drumlease, Dromahair, County Leitrim, Ierlân, 10 july 1864 - Brighton, 21 febrewaris 1938) wie in Ingelsk portretfotograaf.

Libben en wurk[bewurkje seksje | edit source]

Beresford wie de soan fan de begoedige majoar Henry Marcus Beresford (in famylje mei de Markys fan Waterford oan it haad) en Julia Ellen Maunsell en de tredde fan fiif bern. Hy krige in yngenieursoplieding en ferfarde yn 1882 nei Yndia dêr't er oan't wurk gie by Publike Wurken. Fjouwer jier letter krige er malaria, gie werom nei Ingelân en begûn oan in stúdzje Keunst. Beresford syn earste skilderwurk waard útstald yn de Royal Academy of Arts yn Londen.

Beresford waard lykwols mear oanlutsen troch fotografy en iepene yn 1902 in fotostudio yn Knightsbridge, in plak oan de râne fan Londen. Dêr makke er yn de perioade oant 1932 in mannichte platinoprinten fan ferneamde persoanen, meast skriuwers, keunstners en politisy, en waard ien fan de meast bekende portretfotografen fan syn tiid. Beresford syn wurk waard publisearre yn tal fan foaroansteande tydskriften, sa as The Tatler en The Illustrated London News.

Beresford stie ek bekend as in súksesfol en fanatike antykhanneler. Yn de Earste Wrâldkriich skonk Beresford in slompe jild oan it Reade Krús. Hy stoar yn 1938.

In protte fan syn wurk hat de de National Portrait Gallery yn Londen op'e noed.

Galery[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]