Geart Japiks van den Berg
Geart Jabiks van den Berg (Skuorregea, 2 desimber 1886 - 6 maart 1954) wie Frysk rimeler en folksdichter.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Geart Jabiks fan 'e Tsjongerwâl waard berne yn in spitkeetsje fuort njonken de tsjerke fan Skuoregea en hy moast as jonkje “kouskeperje” foar de boeren yn dy kontrei. Hy swalke oer de heide en by de Tsjonger. Dêr hat dêr syn leafde foar de natoer opdien. It wie dêr doe in moaie oarde, mar ek ien fan earmoede en lijen. De earmoede dêre makke ek dat de jonge Geart oan de swalk rekke: hy hat fearn op in skip en fiske op de Sudersee, baggele en oppere, yn de minen arbeide en yn Dútslân west. Nei syn trouwen yn 1917 hat er tsien jier op De Lemmer by de Tram yn tsjinst west, mar hy krige in kwaal en waard mei sân gûne wyks oan 'e dyk set. Dokters rie makke dat er nei fjirtich jier it gea fan syn berte wer opsocht en in nearinkje begûn oan de Berkeaper wei. Geart Jabiks wie ek stientsjesiker en geakunde sneuper. Troch syn omtinken is in âlde skâns fan de Fryske Wetterliny, de Tolbrêgeskâns, oan de Tsjonger by de Brêgeloane (de Berkeaper wei) yn 1951 net fergroeven.
Gedichten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1910 waard er meiwurker oan Waling–om syn wykblêd Sljucht en rjucht. Technysk frijwat swak, sit der yn syn wurk dôchs gâns sfear. Hy koe de krite út de pinne en hie each foar it natoermoai en de skiednis. Foaral yn de tiid dat er werom wie hat hy in soad gedichten makke.
Yn 1971 binne de fersen sammele troch master Jasper Keizer en útjûn yn eigen behear.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Antje van den Berg: Geart Jabiks [1886-1954], dichter, natuurmens en historicus. Biografy, mei ferskate gedichten, brieven dy't er yn de Earste Wrâldoarloch skreaun hat en oer syn archeologyske fynsten. 112 siden, mei fotokatern.
- Jasper Keizer - Geart Jabiks van ‘e Tsjongerwal, uit het werk van een Oudehornster volksdichter, (Sammelbondel mei neilitten wurk, 1971)
- Frysk seeman
- Frysk fisker
- Frysk mynwurker
- Frysk dichter
- Frysk skiedkundige
- Frysk amateur-archeolooch
- Skriuwer yn it Frysk
- Geakundige
- Nederlânsk seeman
- Nederlânsk fisker
- Nederlânsk mynwurker
- Nederlânsk dichter
- Nederlânsk skiedkundige
- Nederlânsk amateur-archeolooch
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Jobbegea
- Persoan stoarn yn Fryslân (stjerplak ûnbekend)
- Persoan berne yn 1886
- Persoan stoarn yn 1954