Euskadi Ta Askatasuna

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Mei de reade streken moat Ûnôfhinklik wurde neffens de ETA
Symboal fan de ETA

De Euskadi Ta Askatasuna (Baskysk foar 'Baskysk heitelân en frijheid of 'Baskenlân en frijheid' – it wurd '(e)ta' is ek Baskysk foar 'en'), is better bekend ûnder de ôfkoarting “ETA”, is in separatistyske bewapene beweging dy’t in ûnôfhinklike sosjalistyske Baskyske steat stiftsje wol.

De ETA fiert in bluodrige striid tsjin de Spaanske oerheid, wêrby't ek ûnskuldige boargers net sparre wurde. Krektas by de noard-Ierske IRA wurde meastal wol warskôgings jûn foardat de bommen ôfgean. Dêrom binne de gefolgen fan de ETA oanslaggen meastal beheind fan skaal. Oant en mei 2003 deade de beweging 339 boargers en 478 plysje-aginten en soldaten.

It symboal fan de ETA is in slang wikkele om in bile. It motto fan de beweging is Bietan jarrai, dat betsjut 'wy geane troch mei beide' . Dit beide betsjut trochgean mei de wapene striid, symbolisearre troch de bile en mei de striid troch slûchslimmigens, symbolisearre troch de slang. De politike tûke fan de ETA is Batasuna.

Doelen fan de ETA[bewurkje seksje | edit source]

De ETA hat histoaryske sjoen twa kearnpunten:

  • It oprjochtjen fan in sosjalistyske Baskyske steat ynklusyf Navarra.
  • It frijlitten fan ETA-leden dy’t yn de finzenissen yn Spanje en Frankryk sitte.

Yn de rin fan de jierren ’80 ferskoden de doelen fan de ETA. Trije desennia nei harren oprjochting like it stribjen nei in ûnôfhinklike sosjalistyske Baskyske steat mear en mear in utopy en praktysk net realisearber. Yn it demokratysk alternatyf, in manifest fan de ETA út 1995, makke de organisaasje bekend in mear pragmatyske koers farren te gean. Sa kondige de ETA oan de bewapene striid te staken as it Spaanske regear de soevereiniteit en it selsbeskikkingsrjocht fan de Basken erkenne soe. De ETA stelde yn it manifest foar om in referindum te hâlden oer de fraach oft Baskenlân in diel fan Spanje bliuwe moast of net.

Skiednis fan de ETA[bewurkje seksje | edit source]

Yn de begjindagen wie de ETA in freedsume beweging fan yntellektuelen. Mar diktator Franco ûnderdrukte de ETA mei geweld. Doe begûn de ETA yn de jierren ’60 mei gewelddiedige aksjes. Se waard hjirby ynspirearre troch de Algerijnske befrijingsbeweging yn Frankryk en troch it marksisme. Nei de demokratisearring fan Spanje yn de jierren ’70 gie de ETA troch mei polityk geweld en ferlern in soad sympaty, ek fan de Baskyske befolking.

De Spaanske regearing organisearre en finansiere yn de jierren ’80 de Grupos Antiterroristas de Liberación, deadseskaders dy’t leden fan de ETA ûntfierden, martelden en fermoarden. Dit stie bekend as de smoarge kriich.

Oanslaggen[bewurkje seksje | edit source]

De ETA hat in soad oanslaggen plege. Der binne in oantal dy’t opfoelen:

  • 1960 – Earste ETA oanslach, it mislearre om in trein te ûntspoaren.
  • 1968 – Earste deade troch de ETA: Meliton Manzana, in haad fan de geheime polysje yn San Sebastian.
  • 1970 - Proses yn Burgos. Sechtjin ETA-leden stienen terjocht foar de mondiale rjochtbank. Seis deastraffen en yn totaal mear as 700 jier finzenisstraf. Dit soarge foar mondiale ferneamdheid. Nei massaal protest waarden de deastraffen omsetten yn finzenisstraffen.
  • 1973 - Moardoanslach op Premier Admiraal Luis Carrero Blanco (de oanwiisde opfolger fan Franco) yn Madrid as wraak foar de eksekúsje fan Baskyske separatisten.
  • 1980 – Mei yn totaal mear as 180 slachtoffers is dit ien fan de bluodrichste jierren fan de ETA.
  • 1986 - Moard op ETA-kommandant dy’t it geweld ôfswarde, María Dolores Katarain (Yoyes). Har bern wie by it fermoardzjen. De ETA beskuldige har fan dessertsje.
  • 19 juny 1987 - Oanslach op in supermerk in Barcelona mei 21 deaden en 45 ferwûne minsken.
  • 1995 - De Spaanske polysje slagget der yn om in moardoanslach op kening Juan Carlos te foarkommen.
  • 1995 - De ETA woe in moardoanslach plege op Jose Maria Aznar, lieder fan de Spaanske rjochtse opposysje en letter premier. De plysje slagget der yn om it te foarkommen.
  • 1997 – Untfiering fan in Baskyske “councilor”, Miguel Angel Blanco. De ETA drige om him te fermoardzjen as har easken net ynwillige waarden. Demonstraasjes foar syn frijlitting wêroan hûnderttûzenen minsken meidienen koenen net foarkomme dat hy fermoarde waard. De publike lilkens nei syn dea soarge foar grutte demonstraasjes, wêroan 6 miljoen minsken meidienen. It soarge foar in nije Baskyske beweging, “Foro Ermua”, tsjin de ETA en it Baskyske nasjonalisme.
  • 1998 - Manual Zamarreno, councilor fan de Partido Popular wurdt fermoarde mei in autobom.
  • 2000 - Moard op José Luis López de la Calle, in sjoernalist dy’t kritysk skreaun oer de ETA.
  • 2000 - Moard op Ernest Lluch, Katalaan, wie minister yn de regearing fan Felipe González.
  • 29 july 2006 - De Spaanske premier Zapatero kundige offisjeel ûnderhannelingen oan mei de ETA.
  • 30 desimber 2006 - Der is in eksplosy om 09.00 oere hinne op in parkearplak by Madrid. Twa deaden en 26 ferwûne minsken.
  • 7 maart 2008 – In eardere gemeenteriedslid Isaias Carrasco wurdt fermoarde krekt foar de parlemintsferkiezings.

ETA tsjintwurdich[bewurkje seksje | edit source]

De ETA fiert kidnappingen út en parse Baskyske ûndernimmers ôf om mei de opbringsten harren aktiviteiten betelje te kinnen. Har machtsbasis lei op it plattelân en bepaalde wiken fan de grutte stêden. Se kin op stipe rekkenje fan likernôch 20 persint fan de befolking. De nije ljochting ETA-leden wurdt rekrutearre út in soarte anargistyske subkultuer. De regearing yn Madrid is neffens de ETA noch altyd fassistysk. Moardoanslaggen op alle minsken dy’t it net iens binne mei de stânpunten fan de ETA wurde mei joechhei ûntfongen. Basken dy’t net foar ûnôfhinklikheid binne hawwe kâns om fermoarde te wurden. De ETA-jeugdbeweging “Segi” soarget regelmjittich foar grutte fernielingen yn de Baskyske stêden.