Edmonton

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Edmonton
Industry, Integrity, Progress
Fan boppe lofts ôf: Sintrum Edmonton, Fort Edmonton Park, Legislative building, Law Courts, Rexall-plein, High Level Bridge, Muttart-kassen
Fan boppe lofts ôf: Sintrum Edmonton, Fort Edmonton Park, Legislative building, Law Courts, Rexall-plein, High Level Bridge, Muttart-kassen
Sifers
Ynwennertal 730.372 (2006)
Oerflak 684,37 km²
Befolkingstichtens 1067,2/ km²
Stêdekloft 1.034.945
109,9/km2
Hichte 668 m
Polityk
Lân Kanada
Provinsje Alberta
Regio Haadsteedlik Gebiet Edmonton
Oar
Stifting 1795
Town 9 jannewaris 1892
City 8 oktober 1904
Tiidsône MST (UTC−7)
*Simmertiid MDT (UTC−6)
Koördinaten
Webside offisjele webside
Lizzing fan Edmonton yn Alberta

Edmonton is de haadstêd fan de Kanadese provinsje Alberta. It is de fiifde stêd fan Kanada, nei Toronto, Montréal, Vancouver en Calgary. Yn 2005 hie Edmonton in ynwennertal fan 712.931 en yn de stedsomkriten, de saneamde “Edmonton Metropolitan Area”, wennen doe 1.016.000 minsken. De ynwenners fan Edmonton wurde Edmontonians neamd. Yn 2004 fierde Edmonton har hûndertjierrich bestean.

De stêd beslacht leafst 684 kante kilometer; Edmonton is grutter kwa oerflak as bygelyks Chicago of Toronto. Edmonton is dêrmei ek ien fan meast tinbefolke grutte stêden fan Noard-Amearika, mei in protte grutte parken en ûnbeboud terrein. De yndustry yn en om de stêd is grûnfeste op de gas- en oaljemerk en de diamantminen yn de Noardwest Territories.

Edmonton hat it grutste oerdekte winkelsintrum fan Noard-Amearika, de West Edmonton Mall, en it grutste histoaryske park fan Kanada, Fort Edmonton Park. Fierders hat de stêd har eigen universiteit, de “Universiteit fan Alberta”, en is sy ferneamd as de “festivalstêd” troch it grutte tal kulturele aktiviteiten dy't dêr organisearre wurde.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Edmonton leit benei mids de provinsje Alberta. De rivier Noard-Saskatchewan rint troch de stêd en streamt hielendal troch oant de Hudsonbaai. De rivier hat yn de stêd is soad kreken en kleauen rûnom, mar dy gebieten binne wol beboud en by de stêd lutsen.

Ofstannen nei oare stêden:

Partnerstêden[bewurkje seksje | edit source]

Berne yn Edmonton[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Edmonton en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.