Droedel
Ut Wikipedy
In droedel of logogram is in riedsel en in wurdspul dêr't allinnich letters by brûkt wurde en dêr't by de ûnderlinge posysje fan de letters faak belangryk is.
Hjirneist wurdt bygelyks it Nederlânske wurd "ver-onder-stell-in-g" útbylde.
Yn it Frysk puzelboekje 3 en 4 ( 1989 ) ferskynden al Fryske logogrammen of droedels op papier.
Droedelje [bewurkje seksje]
It tiidwurd droedelje betsjut ek: gedachteleas tekenje of krabbelje, bygelyks by in gearkomste of oan de telefoan.
In ienfâldich plaatsje dat wat yngewikkelders foarstelle moat wurdt ek droedel neamd.
