Drakesteyn

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Drakesteyn yn Madurodam

Kastiel Drakensteyn is in kastiel en lângoed tichtby Lage Vuursche, yn de gemeente Baarn.

Yn 1360 wurdt foar it earst skreaun oer in hofstee Drakesteyn. It is yn 1385 Frederik fan Drakenburch dy't mei Drakesteyn beliend wurdt.

De âlude skiednis fan Drakensteyn is nau ferbûn mei dy fan Ridderhofstee Drakenburch, dat der flakby lei en yn de 19e ieu ôfbrutsen is.

Yn 1634 wurdt Ernst van Reede de eigener fan Drakensteyn. Syn soan Gerard lit yn 1640 in nij, folslein symmetrysk achthoekich hûs bouwe, mooglik nei in ûntwerp fan Jacob van Campen. It hûs wurdt erkend as ridderhofstêd en Gerard wurdt ridder. Yn dy dagen wurdt ek it doarp Lage Vuursche boud. Ridder Gerard lit tsjerke bouwe - mei in pastorije -, in skoalle, in mûne en in herberch.

Yn de Gouden Ieu wurdt yn de Leechte fan Pijnenburg oars in grut tal kastielene en lânhuzen ferboud en boud, lykas Soestdyk - it lettere Paleis Soestdyk -, Kastiel de Hooge Vuursche, De Eult, Pijnenburg en Eeuwijckshoeve.

Yn de 17e en 18e ieu wikselt it kastiel in pear kear fan eigener. Yn 1780 is der in grutte ferbouwing wêrtroch't it oansjen fan it hûs feroaret: de Ionyske pylders wurde weihelle. Yn 1807 wurdt Drakensteyn eigendom fan mr. Paulus Wilhelmus Bosch, boargemaster fan Utert. It hûs bliuwt dan 150 jier yn de famylje, oant it yn 1959 troch Frederik Lodewijk Bosch fan Drakestein oan Prinses Beatrix ferkocht wurdt. Se lit it kastiel restaurearje en lûkt der yn 1963 yn. Neidat se keninginne wurdt, ferhuzet se yn 1981 nei De Haach. Sûnttiids is Drakensteyn yn gebrûk as bûten- en gasteferbliuw.

Yn 2006 waard bekend dat Drakensteyn renovearre wurde soe, omit kastiel wer bewenber te meitsjen. Der wurde in tal meters bylutsen en it wurdt tige befeilige en klearmakke foar de 21e ieu. Dit berjocht joech fieding oan de geroften dat de abdikaasje fan keningin Beatrix kommendewei is, mar de RVD woe hjir net op yngean.

It lângoed en de wente binne net te besichtigjen.

Drakensteyn wurdt ek wol skreaun as 'Drakestein', 'Drakenstein', of as 'Drakensteijn'.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]