Jan de Beijer

Ut Wikipedy
Jan de Beijer
keunstner
Portret fan Jan de Beijer troch Cornelis Pronk, 1750
Portret fan Jan de Beijer troch Cornelis Pronk, 1750
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 24 septimber 1703
stoarn 15 febrewaris 1780
stjerplak Emmerik, Kleef, Doesburch (?)
wurkpaad
wurksum as Tekener fan yllustraasjes en printen
medium Tekening, akwarel
offisjele webside
RKD-profyl

Jan de Beijer (Aarau (Switserlân), 24 septimber 1703 - Emmerik (?), 15 febrewaris 1780) wie in Nederlânsk tekener fan steds- en doarpsgesichten út de 18e iuw yn de hjoeddeistige lannen Nederlân, België en Dútslân. Yn totaal makke er sa'n 1500 tekeningen, dêr't der mear as 600 fan troch oare keunstners as gravueres makke waarden. [1]

Tekeningen fan Jan de Beijer en gravueres basearre op syn wurk binne te finen yn tal fan musea, argiven en priveekolleksjes. It Joadsk Histoarysk Museum yn Amsterdam hat in tekening út 1765 fan de Grutte Synagoge en de Nije Synagoge, twa fan de synagogen dy't mei-inoar it kompleks foarmje dêr 't no it museum yn fêstige is. It Amsterdam Museum hat ek in tekening fan de yntusken ferdwûne Haringpakkerstoren.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jan de Beijer waard berne yn Switserlân, dêr 't syn heit Johan Jacob de Beijer hierlingen rekrutearre foar de Republyk fan de Sân Feriene Provinsjes. Doe't er seis jier wie ferhuze Jan de Beijer mei syn âlden nei Emmerik. [1][2]

Om 1722 hinne gie Jan de Beijer nei Amsterdam om by Cornelis Pronk it tekenfak te learen. Cornelis Pronk (Amsterdam, 1691 -1759) wie doe de bekendste topografysk tekener fan de Nederlannen. Letter wenne De Beijer yn Emmerik en Vierlingsbeek. Hy reizge troch Limboarch, Gelderlân, Eastlik Brabân en it gebiet fan de Nederrijn fan Emmerik en Kleef oant Uerdingen om tekeningen te meitsjen. Winterdeis luts er him werom yn syn hûs om kleuretekeningen te meitsjen op basis fan syn sketsen yn it fjild, mar ek tekeningen dy 't troch oare keunstners brûkt wurde koene om gravueres te meitsjen. [1][3]
In soad fan syn wurken waarden as yllustraasje yn boeken opnommen, wêrûnder Het Verheerlykt Nederland, in útjefte yn 9 dielen fan 1745 oant 1774. Ek waarden syn tekeningen in soad troch partikulieren kocht.

Yn 1751 fêstige De Beijer him yn Amsterdam, wêrnei't de klam fan syn wurk op it gebiet om Amsterdam en Haarlim hinne kaam te lizzen. In soad fan syn wurk út dy perioade is werom te finen yn De Atlas fan Fouquet, in samling fan 102 printen fan Amsterdam, útjûn troch Pieter Fouquet (1729-1800).

Nei syn wurksume perioade yn Amsterdam ferfear De Beijer nei de omkriten fan Kleef (wêr eksakt is ûnbekend). Neffens guon boarnen ferstoar er yn Emmerik, mar ek Kleef en Doesburch wurde neamd as plak fan ferstjerren. [2][4] Paulus van Liender (1731-1797) publisearre yn 1758 in rige printen mei de titel Het verheerlykt Kleefschland... , basearre op de tekeningen fan kastielen en stedsgesichten om Kleef hinne dy't Jan de Beijer makke.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Drs. H. Romers - J. de Beijer Oeuvre-Katalogus, Kruseman, De Haach, 1969
  • Drs. H. Romers - Achttiende-eeuwse gezichten van steden, dorpen en huizen, Repro Holland, Alphen aan den Rijn
  • Guido de Werd - Jan de Beijer, tekeningen van Emmerik tot Roermond. Utjouwerij van Spijk BV- Venlo-Holland, 1980.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: