Kastiel de Hooge Vuursche

Ut Wikipedy
Ofbrutsen yn 1909
Boud yn 1911

Kastiel de Hooge Vuursche leit yn de gemeente Baarn. De grutte bosken tusken Baarn en Hilfertsom binne yn de 19e iuw eigendom fan Jonkfrouwe Louise Charlotte Rutgers van Rozenburg (Amsterdam, 13 augustus 1854 - dêre 1 april 1908) en steane bekend as de Hooge Vuursche. Se trout mei de jonge Johannes Adrianus Leonard van den Bosch en tegearre wenje se yn in hûs op it plak dêr't no it kastiel stiet.

Nei har ferstjerren trout Van den Bosch mei Baronesse van Hardenbroek en jout opdracht oan boumaster Eduard Cuypers in kastiel te bouwen. In soad ornaminten binne ôfbylden dy't mei skipfeart te krijen hawwe, omdat Van den Bosch keapfardij-offisier is. De tunen wurde oanlein troch túnarsjitekt Tersteeg út Naarden. De besteande fiver wurdt mei 1500 meter ferlinge en it útgroeven sân wurdt brûkt om de grûn om de fiver te ferheegjen. De heuvels wurde de Bloedberch neamd.

Op it tagongsstek stiet it jiertal 1912, mar oannomd wurdt dat it kastiel yn 1911 al klear wie. De famylje jout der in soad feesten, mar is sa faak yn de Feriene Steaten, dat se beslute om it kastiel te ferkeapjen oan Hotel Maatskippij Goailân. Dy ferkeapet it troch oan Heineken, dy't der in konferinsjeoard fan makket. Yn 2007 hat de Event Company it kastiel tegearre mei in ynverstearder kocht fan Heineken en it yngreven renovearre. Yn it kastiel binne 18 gastekeamers en it koetshûs hat no seis gearkomsteromten.

It kastiel is ien fan de troulokaasjes fan Baarn.

Koetshûs

It koetshûs fan it kastiel is in ryksmonumint dat yn 1977 ferboud waard ta opliedingssintrum. De stien yn de gevel hat de tekst: Dit opleidingscentrum werd op 14 oktober 1977 geopend door mejuffrouw CH.L. Heineken. Charlene Heineken waard nei de dea fan Freddy Heineken iennichst erfgenamt fan Hooge Vuursche en wenne dêrnei yn Londen.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. T. van den Oudenalder: In steen gebeiteld, Baarnsche Courant, 11 desimber 2017