Ryksfoarljochtingstsjinst

Ut Wikipedy

De Ryksfoarljochtingstsjinst, ôfkoarte ta RVD (Rijksvoorlichtingsdienst) en oprjochte yn 1934, is in Nederlânske oerheidsynstânsje dy't diel útmakket fan it ministearje fan Algemiene Saken.

Taken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De RVD hat de folgjende taken:

  • De wurdfiering fan en it foarljochtsjen oer de minister-presidint, de ministerrie en it Keninklik Hûs
  • It beglieden fan publike optredens fan leden fan it Keninklik Hûs
  • It foarljochtsjen oer it algemiene regearbelied en it ministearje fan Algemiene Saken
  • De koördinaasje fan 'e ynterdepartemintale foarljochtingssaken
  • It útfieren fan taken dy't te krijen hawwe mei kommunikaasjeadvys en publyksfoarljochting
  • De ynformaasjefoarsjenning oer it algemiene regearbelied foar de minister-presidint en de amtlike top
  • It ûntwikkeljen fan it ryksbrede (strategyske) belied wat oerheidskommunikaasje, fersoarging fan de ôfstimming fan it belied tusken de direksjes en foarljochting fan ministers oanbelanget
  • It befoarderjen fan in bettere kommunikaasje fan 'e ryksoerheid mei de boarger

Organisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De direkteurs-generaal fan 'e RVD binne fan 1952 ôf:

  • Gerrit Jan Lammers (1952-1968)
  • Gijs van der Wiel (1968-1983)
  • Hans van der Voet (1983-1995)
  • Eef Brouwers (1995-2004)
  • Gerard van der Wulp (2004-2008)
  • Henk Brons (2008-2014)
  • Stephan Schrover (2015-)