Domtsjerke fan Massa Marittima

Ut Wikipedy
Domtsjerke fan Massa Marittima

Duomo di Massa Marittima

Lokaasje
lân Itaalje
regio Toskane
provinsje Grosseto
plak Massa Marittima
adres Piazza Giuseppe Garibaldi
koördinaten 43° 2' N 10° 53' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Massa Marittima-Piombino
Arsjitektuer
boujier 1228-1304
boustyl romaanske arsjitektuer
Webside
Side bisdom
Kaart
Domtsjerke fan Massa Marittima (Itaalje)
Domtsjerke fan Massa Marittima

De Domtsjerke fan Massa Marittima (Italjaansk: Duomo di Massa Marittima; Cattedrale di San Cerbone) is in roomske katedraal yn 'e Toskaanske stêd Massa Marittima, Itaalje. De katedraal waard wijd oan 'e relatyf ûnbekende hillige Cerbonius, de eartiidske biskop fan Populonia en tsjintwurdige patroanhillige fan Massa Marittima. De domtsjerke is de episkopale sit fan it bisdom Massa Marittima-Piombino.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it jier 835 moast it yn Populonia fêstige bisdom de stêd ferlitte fanwegen de tanimmende driging fan in Saraseenske oanfal. It bisdom ferhûze nei Massa Marittima en de reliken fan 'e hillige Cerbonius waarden meinommen. Mooglik waard al yn 'e 9e iuw in katedraal boud, mar bewizen dêrfan ûntbrekke. Fan in tsjerke út de 11e iuw bleaunen hjir en dêr wat resten bewarre.

Doopfont (13e-15e iuw.

Yn 'e 13e iuw folge nijbou fan 'e katedraal. Ynearsten waard fan 1228 oant 1267 útein set mei it tsjerkeskip en it ûnderste diel fan 'e gevel. Mei in twadde boufaze, fan 1287 oant 1304, folge de rest fan 'e tsjerke. Yn 'e twadde faze waard ek de toer boud, dy't lykwols yn 1928 fanwegen brekfalligens foar in grut part op 'e nij boud wurde moast. Pas yn 'e 17e iuw waard it ferwulft oanbrocht, oant dy tiid wie it dakstuolte noch iepen.

De keunstwurken yn 'e tsjerke stamme fan 'e 11e oant de 15e iuw.

Mei de weropbou fan 'e toer yn 1929-1930 waarden oan 'e gevel de trije pinakels tafoege.

Paus Paulus VI joech de katedraal yn 1975 de status fan basilica minor.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Duccio di Buoninsegna.

Lofts fan 'e yngong stiet ûnder in 14e-iuwsk fresko fan Marije mei Bern en twa hilligen in Romeinske sarkofaach út de 3e iuw. Rjochts is in rige stiennen reliëfs te sjen, dy't werom geane op 'e 12e oant 13e iuw en mooglik noch âlder binne. Dêrboppe binne twa fresko's fan 'e Krusiging (14e iuw) en de 'skiednis fan Sint-Julianus (15e iuw).

It roasfinster yn 'e gevel besit 14e-iuwsk brânskildere glês. It doopfont fan travertyn bestiet út twa dielen: in rjochthoekich bassin fan 2.73 by 0,98 meter, dat dekorearre is mei reliëfs fan Kristus, Marije, Jehannes de Doper en de hilligen Cerbonius en Regulus. Dat diel fan it doopfont waard makke troch Giroldo da Arogno yn 1267. It diel boppe it bassin hat de foarm fan in lytse kapel en is in tafoeging út 1447.

Yn it súdlike sydskip binne foarstellings fan Antonio Nasini ('Madonna yn Gloarje', 17e iuw) en Rutilio Manetti ('Berte fan de Jongfaam', 16e iuw) oanbrocht. It beskildere krúsbyld fan Segna di Bonaventura (begjin 14e iuw) hinget yn in kapel rjochts fan it presbitearium. De houten preekstoel is 17e iuwsk. Ek fan Rutilio Manetti binne de 'Unbeflekte Untfangenis' en de "Ivige Heit". De 'Madonna fan 'e Roazekrâns' is fan in ûnbekend keunstner út Siena.

It monumintale heechalter is fan Flaminio Del Turco (1626). It beskildere houten krús is in replika fan it krúsbyld dat Giovanni Pisano makke en tsjintwurdich yn it lokale Museum fan Wijde Keunst bewarre wurdt. De ingels op 'e hoeken fan it alter wurde taskreaun oan Domenico di Niccolò dei Cori en binne 15e-iuwsk. Efter it alter is de Arca di San Cerbone fan Goro di Gregorio út 1324. It is fersierd mei reliëfs mei acht foarstellings fan Sint-Cerbonius.

Yn 'e lofter ôfslutende kapel hinget in alterstik út 1316, dat taskreaun wurdt oan Duccio di Buoninsegna. Fierder hingje der foarstellings fan 'e krusiging en de lijensskiednis fan Jezus. In fragmint fan in alterstik fan Sano di Pietro (1406-1481) stelt de 'Presintaasje yn 'e Timpel' foar.

Yn 'e krypt steane alve lytse bylden fan hilligen en profeten fan in ûnbekend 14e-iuwske keunstner út Siena. Ek is dêr in 15e-iuwsk krusigingsfresko fan mei Sint-Serbonius en Sint-Bernardinus.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Massa Marittima Cathedral