Doede Bleeker
Doede Bleeker (Starum, 14 augustus 1952) is in Frysk sjonger, dichter en skriuwer, ek hat er in eigen fiskhannel. Hy neamt himsels in Stedsfryske trûbadoer. Hy hat as bynamme de Staverske Misthoarn, in namme dy’t troch himsels yntrodusearre waard neidat hy yn de Ljouwerter Krante de Fryske Urbanus neamd waard. Op de lokale radio SWF hat er it radioprogramma "Buutenstaanders" dêr't er 'ûnderwurdeare' muzyk draait dy't net op lanlike stjoerders te hearren is.
Bleeker begûn begjin jierren tachtich, doe’t hy gjin wurk hie, ferskes, gedichten en ferhalen te skriuwen. Nei in strjitte-optreden yn Snits begûn hy mear optredens te jaan en waard him frege in LP op te nimmen. Hjirnei waard hy ferneamder en syn muzyk waard draaid op televyzje en radio. Yn 1993 hie hy in lytse rolle yn de film De Kleine blonde dood fan Jean van de Velde.
[bewurkje seksje] Diskografy
Langspylplaten:
Kompaktskiven:
- Ik bin in brulkikker (1991)
- Ontspoard (1994)
- Mengde gefoelens (1997)
- Foor de fatsoensrakker (1998)
- Sweefteef (1998)
Ek is hy te hearren op tal fan oare kompaktskiven tegearre mei oare sjongers.
[bewurkje seksje] Bibliografy
- Pretletters op de klaagmuur - Dichtbondel
- Kopziekte - Ferhalebondel