Doarpswapen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Doarpswapens moatte der al foar 1795 west hawwe yn Fryslân.

Se rekken yn ûnbrûk en waarden ferjitten. Op ferskillende wizen binne in tal doarpswapens dochs dokumintearre: Op gevelstiennen, úthingboerden, wynfanen, skilderijen, jûnsmielsulver yn tsjerken, in oantal wapenboeken en sels wapenrymkes. Troch A.S. Miedema en K. Sierksma binne in 40-tal beskreaun yn It Heitelân, de Ljouwerter Krante, de Friese Koerier en Gynealogyske Jierboekjes.

Nei 1960 is de belangstelling foar doarpswapens groeid, ûnder mear troch de rekreaasje. Der binne ek in soad nije wapens ûntwurpen. Sa krigen 23 doarpen yn Wûnseradiel in nij doarpswapen en doarpsflagge, en waarden twa âlde wapens ûntdekt yn Burchwert en Parregea. Ek alle doarpen yn Kollumerlân krigen yn 1970 in nij wapen, wylst oan it âlde wapen fan Kollum in swurd en twa stjerren tafoege waarden.

[bewurkje seksje] Flekken

Flek is (yn Fryslân) de ûnoffisjele oantsjutting fan in grut doarp, dat om samar te sizzen yn de ûntjouwing fan doarp nei stêd stykjen bleaun is. Se hawwe meastentiids mear "rjochten" as de trochsneed doarpen, lykas it rjocht fan waach en rjochtspraak. De flekken wurde ferdield yn de betide en lettere flekken. Drachten, De Gerdyk, It Hearrenfean en Surhústerfean hearre ta dy lêste groep. Se binne yn de 17e en 18e ieu ta ûntwikkeling komd. De flekkewapens ûnderskiede harren fan de gewoane doarpswapens, om't hja wol in kroan fiere. (De wapens fan It Hearrenfean en De Lemmer binne noch yn behanling en binne noch net offisjeel registrearre)

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels