Doarpstsjerke (De Rottefalle)
Doarpstsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Smellingerlân | |
plak | De Rottefalle | |
adres | Buorren 18 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1724-1725 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 33993 | |
oare ynformaasje | ||
kosten | 7.060 gûne | |
offisjele webside | ||
Prot. gemeente De Rottefalle |
De Doarpstsjerke oan de Buorren is in protestanske tsjerke op De Rottefalle, gemeente Smellingerlân. Alhoewol't de tsjerke sûnt 2011 oernommen is troch de Stifting Alde Fryske Tsjerken, bliuwt it gebou beskikber foar de earetsjinst. Dêrnjonken wurde der spesjale tsjinsten lykas brulloften en begrafenissen holden. Tagelyk mei de oerdracht oan de Stichting Alde Fryske Tsjerken krige de eardere herfoarme tsjerke de namme "Doarpstsjerke".
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Doarpstsjerke is in sealtsjerke út de jierren 1724-1725 op in ferhege tsjerkhôf mei in trijesidich koer. Tsjerklik wie De Rottefalle foar dy tiid oriëntearre op De Pein. It jild foar de bou waard foar in grut part troch kollektes yn Fryslân, Grinslân en Amsterdam en omkriten opbrocht. Ek Marije Louise fan Hessen-Kassel, de grytman fan Achtkarspelen en de Steaten droegen by oan de bou. It skip fan de tsjerke hat oan beide siden fjouwer grutte rûnbôgefinsters, wylst ek yn de bûtenste siden fan it koer grutte rûnbôgeramen binne ynbrocht. Oan wachens en de ferrizenis fan Kristus docht de hoanne op de geveltoer tinken. Op it eastlike ein fan it dak fan de tsjerke stiet in hynderke as wynwizer, in ferwizing nei it agraryske ferline fan it doarp.
Ynrjochting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ynrjochting fan de tsjerke is tige ienfâldich. De preekstoel datearret út de boutiid fan de tsjerke en is makke troch Korneles Meines. De ferheging fan it koer, de tegels oer de flier en de banken stamme fan de restauraasje fan 1968. De kânselbibel is printe yn 1682.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ienmanualige oargel is oarspronklik boud foar de Galiléakapel yn Ljouwert troch L. van Dam. By de bou yn 1865 makke Van Dam gebrûk fan it materjaal fan in âlder oargel út 1857. It ynstrumint ferhûze yn 1924 nei de herfoarme tsjerke fan De Rottefalle en ferfong dêr in harmoanium. It hat sân registers en waard foar it lêst yn 2001 troch Mense Ruiter restaurearre.[1]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|