Digitenne

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Digitenne is in netwurk foar digitale radio en televyzje fia stjoermêsten yn Nederlân. Fia Digitenne kinne de Nederlânske publike stjoerders fergees ûntfongen wurde. It is ek mooglik om tsjin betelling kommersjele en bûtenlânske stjoerders fia dit netwurk te ûntfangen.

Untfangst[bewurkje seksje | edit source]

Foar ûntfangst fan Digitenne is in televyzje nedich mei DVB-T-tuner. De measte televyzjes dy't tsjintwurdich ferkocht wurde, hawwe in DVB-T-tuner ynboud. Om ek de kommersjele en bûtenlânske stjoerders te ûntfangen, is njonken in abonnemint teffens in Conaxmodule en in smartcard nedich. Foar ûntfangst fan de publike stjoerders op âldere televyzjes kin in losse tuner oanskaft wurde foar sirka 40,-. Om de kommersjele en bûtenlânske stjoerders te ûntfangen op âldere televyzjes kin men bêst gebrûk meitsje fan in kompleet pakket mei spesjale tuner.

Antenne[bewurkje seksje | edit source]

Ofhinklik fan de ôfstân ta de stjoermêst, kin men in tried-, keamer-, souder- of bûtenantenne brûke. De measte moderne keamer-, souder- en bûtenantennes hawwe in ynboude fersterker en hawwe in stroomfoarsjenning nedich fan de televyzje of de tuner. Omdat de measte televyzjes dizze stream net leverje, is dan in power inserter nedich.

Stjoermêst[bewurkje seksje | edit source]

De 132 meter hege stjoermêst foar Fryslân stiet op it Ljouwerter yndustryterrein De Himrik. Fia dizze stjoermêst binne de programma's fan Omrop Fryslân te ûntfangen. Ek fia de televyzjetoer fan Smilde is it sinjaal fan Digitenne beskikber. Smilde stjoert ynstee fan Omrop Fryslân de regiostjoerder foar syn eigen provinsje, RTV Drenthe, út.

Televyzjestjoerders[bewurkje seksje | edit source]

Fia Digitenne binne Nederlân 1, Nederlân 2, Nederlân 3 en de regionale televyzjestjoerder fergees te ûntfangen. De regionale televyzjestjoerder foar stjoermêst Ljouwert is Omrop Fryslân TV. Tsjin betelling kinnen fierders sirka 19 kommersjele en bûtenlânske televyzjestjoerders ûntfongen wurde, lykas RTL 4, SBS 6, één, Canvas/Ketnet en BBC Entertainment.

Radiostjoerders[bewurkje seksje | edit source]

Fia Digitenne binne Radio 1, Radio 2, 3 FM, Radio 4, Radio 5, Radio 6, Konsertzender, FunX en de regionale radiostjoerder fergees te ûntfangen. De regionale radiostjoerder foar stjoermêst Ljouwert is Omrop Fryslân Radio. Tsjin betelling kinne fierders sirka tsien kommersjele radiostjoerders ûntfongen wurde.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]