De Twa Roeken

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
The Twa Corbies, in yllústraasje troch Arthur Rackman út 'e bondel Some British Ballads.

De Twa Roeken, yn it oarspronklike Skotsk: The Twa Corbies, is in tradysjoneel Skotske folksballade yn 'e foarm fan in koart gedicht dat bestiet út fiif fjouwerregelige kûpletten mei it ienfâldige rymskema a-a-b-b. De Fryske oersetting fan The Twa Corbies ferskynde yn 1975 fan 'e hân fan Klaas Bruinsma, en is sûnt ferskate kearen werútjûn, wylst er as ferske opnommen is troch Doede Veeman.

The Twa Corbies[bewurkje seksje | edit source]

It wurk hat in synyske toan, en iepenet as twa roeken petearje oer hoe't se oan har folgjende miel komme sille. Se witte wêr't it lyk fan in deade ridder leit, mar fierders is dat inkeld oan 'e man syn jachthûn, syn nuete hauk en syn minneresse bekend. Mei't de hûn op eigen manneboet op jacht gien is, de hauk efter it wylde fûgelt oan set is, en de minneresse al in oare minner nommen hat, sil nimmen de beide roeken in striebree yn 'e wei lizze as hja in miel fan 'e ridder meitsje. Fral syn kreaze blauwe eagen lykje har lekker ta, en mei syn hier kinne se by 't winter harren nêst moai bekleie. As tema's hat de ballade de kwetsberens en fergonklikens fan it libben. De iensumens en wanhope komme yn 't bysûnder yn 'e lêste beide regels ta útdrukking:

Oer his white banes, when they are bare, ("Oer syn wite bonken, as dy keal binne,")
The wind sall blaw for evermair. ("Sil foar ivich neitiid de wine waaie.")

The Three Ravens[bewurkje seksje | edit source]

Der bestiet ek in nau besibbe Ingelske folksballade mei as namme The Three Ravens, dy't oerlevere is as ûnderdiel fan it troch Thomas Ravenscroft gearstalde ferskeboek Melismata, út 1611. Dat is in folle minder nearzich gedicht, wêryn't net twa roeken mar trije ravens harren miel misrinne as it lyk fan 'e ridder earst bewekke wurdt troch syn jachthûn en syn hauk, en dêrnei begroeven wurdt troch syn minneresse. The Three Ravens einiget mei de wurden: God send euery gentleman / Such haukes, such hounds, and such a Leman ("Mei God eltse hear sokke hauken, sokke hûnen en sa'n mêtresse stjoere").

Oarspronklike Skotske tekst[bewurkje seksje | edit source]

Der sil grif mear as ien ferzje fan dit anonime gedicht bestean, mar neffens Ballads Weird and Wonderful, út 1912, is de tekst sa:

The Twa Corbies
As I was walking all alane,
I heard twa corbies making a mane;
The tane unto the t'other say,
"Where sall we gang and dine to-day?"
"In behint yon auld fail dyke,
I wot there lies a new slain knight;
And naebody kens that he lies there,
But his hawk, his hound, and lady fair.
"His hound is to the hunting gane,
His hawk to fetch the wild-fowl hame,
His lady's ta'en another mate,
So we may mak our dinner sweet.
"Ye'll sit on his white hause-bane,
And I'll pike out his bonny blue een;
Wi ae lock o his gowden hair
We'll theek our nest when it grows bare.
"Mony a one for him makes mane,
But nane sall ken where he is gane;
Oer his white banes, when they are bare,
The wind sall blaw for evermair."

Fryske oersetting[bewurkje seksje | edit source]

The Twa Corbies waard ûnder de titel De Twa Roeken yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma, dy't dy fertaling yn july 1975 foar it earst publisearre yn wykblêd Frysk en Frij. It waard nochris yn Frysk en Frij ôfprinte yn april 1978 en yn 1979 waard it op muzyk fan P. Immenga as nû. 48 tafoege oan it Frysk Lieteboek. Teffens waard it songen troch Doede Veeman op syn LP Frustraasjebloes, út 1978. Yn septimber 2002 ferskynde it op 'e nij, diskear yn De Fleanende Krie, it krantsje fan 'e Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB).

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Anonimus, De Twa Roeken (oers. Klaas Bruinsma), yn: Frysk en Frij, 26 july 1975; yn: Frysk en Frij, 22 april 1978, s. 128; yn: Doede Veeman, Frustraasjebloes (LP), 1978; yn: Frysk Lieteboek, Boalsert, 1979 (A.J. Osinga), nû. 48; yn: De Fleanende Krie, 2002, ôfl. 137 (sept.), s. 5.