CinemaScore

Ut Wikipedy
CinemaScore
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor merkûndersyk
haadkertier Las Vegas (Nevada)
oprjochte 1979
oprjochter Ed Mintz
offisjele webside
www.cinemascore.com

CinemaScore (Ingelsk foar "SinemaSkoare") is in Amerikaansk bedriuw op it mêd fan merkûndersyk yn 'e filmyndustry. It waard yn 1979 oprjochte en hat syn haadkantoar yn Las Vegas. CinemaScore sammelet gegevens oer hoe't it gewoane publyk (yn tsjinstelling ta profesjonele filmkritisy) films beoardielet. Dat wurdt dien troch bioskoopgongers te freegjen om nei ôfrin fan it bywenjen fan in filmfertoaning in koarte enkêtekaart yn te foljen. CinemaScore rapportearret de op dy wize bemachtige ynformaasje en foarseit op basis dêrfan hoefolle winst of ferlies oft in film meitsje sil en hoefolle fraach oft der wêze sil om 'e oanbelangjende film op dvd of blu-ray te hieren of te keapjen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

CinemaScore waard yn 1979 oprjochte troch Ed Mintz nei't er The Cheap Detective yn 'e bioskoop sjoen hie. Hy wie min te sprekken oer dy film, hoewol't er in fan wie fan haadrolspiler Neil Simon. Om't doedestiden profesjonele filmkritisy de iennichsten wiene fan wa't de miening yn tel wie, fielde Mintz him net heard. Hy betocht dat soks grif faak mei gewoane bioskoopgongers sa wêze soe en miende dat er dêrmei in gat yn 'e merk fûn hie. Sadwaande rjochte er neitiid CinemaScore op.

Yn 't earstoan rapporteare it bedriuw syn befinings allinnich werom oan it sljochtwei publyk, û.m. fia in kollumn yn 'e kranten de Las Vegas Review-Journal en de Reno Gazette-Journal en fia in radiorubryk. Yn 1989 socht de grutte filmstudio 20th Century Fox kontakt mei CinemaScore, om't dat bedriuw ek belang by sokke gegevens hie. Fan dat stuit ôf begûn CinemaScore de ynwûne ynformaasje ek te ferkeapjen oan 'e filmstudio's. Yn 1999 krige it bedriuw in eigen webside, wat de krantekollumns en radiorubryk oerstallich makke.

In enkêtekaart fan CinemaScore.

Tsjin dy tiid beoardiele CinemaScore rûchwei 140 ûnderskate films yn it jier, dy't foar 98 oant 99% releases fan 'e grutte filmstudio's út 'e filmyndustry fan Hollywood wiene. Foar eltse film waarden 400 oant 500 bioskoopgongers befrege yn fyftjin grutte Amerikaanske stêden, wêrûnder Atlanta, Dallas, Denver, Las Vegas, Los Angeles, Milwaukee, Phoenix, St. Louis, San Diego en Tampa. Anno 2018 wiene der 35 oant 45 teams fan wurknimmers fan CinemaScore aktyf yn 25 grutte Amerikaanske en Kanadeeske stêden.

Skoare[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eltse freed jouwe wurknimmers fan CinemaScore yn fiif willekeurich keazen stêden yn Noard-Amearika by de earste bioskoopfertoaning fan in film skoarekaarten út oan it publyk, dy't nei ôfrin fan 'e foarstelling wer ynsammele wurde. Op 'e kaart moat de befrege persoan oanjaan wat syn of har leeftyd en geslacht is en hokfoar skoare oft hy of sy oan 'e film jout. Dy filmskoare giet fia in typysk Amerikaansk systeem fan letters ynstee fan sifers, dat rint fan F (striemin) oant A (treflik goed). Ek kin ynfolle wurde oft men de film op dvd of blu-ray hiere of keapje soe en oft men al of net fynt dat de film oan 'e ferwachtings foldocht dy't opwekke binne troch de marketingkampanje fan 'e produsearjende filmstudio. CinemaScore kriget ornaris 65% fan 'e útdielde skoarekaarten werom, oftewol likernôch 400 per film.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.