Springe nei ynhâld

Christ Church Cathedral (Dublin)

Ut Wikipedy
Kristus Tsjerke Katedraal

Christ Church Cathedral

Lokaasje
lân Ierlân
plak Dublin
adres Wood Quay, Dublin 8
koördinaten 53° 20' N 6° 16' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Tsjerke fan Ierlân
bisdom Dublin en Glendalough
Arsjitektuer
boujier sûnt 1030
boustyl gotyk
Webside
christchurchcathedral.ie
Kaart
Christ Church Cathedral (Dublin-Sintrum)
Christ Church Cathedral

De Christ Church Cathedral is ien fan 'e twa Anglikaanske katedralen yn 'e Ierske haadstêd Dublin. De oare is de Sint-Patrickkatedraal. Fan 'e twa protestanske katedralen is de Christ Church Cathedral de âldste en de offisjele katedraal fan it bisdom Dublin en Glendalough.

Wetlik is it godshûs al sûnt de Ingelske reformaasje yn hannen fan 'e Tsjerke fan Ierlân, mar it roomske aartsbisdom fan Dublin hat de oanspraken op 'e midsiuwske en oarspronklik roomske tsjerke nea opjûn, ek al makket it katolike aartsbisdom no gebrûk fan de Saint Mary's Pro-Cathedral as biskopssit.

Om de katedraal hinne lei foarhinne in doalhôf fan strjitten, mar sûnt de oanlis fan in grutte wei en de ôfbraak fan in âlde wenwyk by Wood Quay kaam de katedraal frij te stean fan it midsiuwske strittepatroan dat de katedraal ea omklamme.

De stifting fan 'e katedraal wie nei tinken nei 1028, doe't Sitric Silkenbeard, de kening fan Dublin, werom kaam fan syn pylgerreis nei Rome. Earste biskop fan it nije bisdom wie Dúnán of Donat. It wie mar in lyts bisdomke en it lei yn dy tiid op in eilân dat omsletten waard troch it folle gruttere bisdom fan Glendalough. De tsjerke waard op heechlizzende grûn boud, sa't dy útsjoch bea oer Wood Quay, de delsetting fan 'e Wytsings. De twadde biskop fan Dublin, Laurence O'Toole, makke fan 'e katedraal in priorij, dy't laat waard troch in Augustynske prior en ta grutte wolstân kaam.

It skip fan 'e katedraal.

Kening Hindrik II wenne op Krystjûn yn 1171 de misse by. Neffens de kroniken fan 'e katedraal wie it foar it earst nei de moard op Thomas Beckett dat Hindrik wer oan 'e hillige kommuny dielnaam. Efkes letter waard útein set mei de ferfanging fan 'e houten katedraal troch in stiennen katedraal mei in koer, sydkoaren, transepten, in krypte en meardere kapellen. In kapel ta eare fan Laurence O'Toole waard yn 'e 13e iuw tafoege en in grut part fan it noch besteande skip ûntstie yn 'e jierren 1230. Under aartsbiskop John de St Paul waard yn 1358 it koer mei 10 meter langer makke. Hy liet ek in oargel bouwe.

Yn 1480 joech de rike rjochter William Sutton al syn lân en sulver oan 'e katedraal. Yn 1487 waard de katedraal it plak dêr't de tsienjierrige Lambert Simnel as kening Edward VI kroand waard, om sa kening Hindrik VII ôf te setten mar dat slagge net.

Kening Hindrik VIII skafte de priorij yn 1539 ôf en de tsjerke waard in katedraal mei in dekaan en in kapittel. Undertusken waard yn 1551 foar it earst in Ingelsktalige tsjinst holden ynstee fan in Latynske en yn 1560 waard foar it earst út in Ingelsktalige Bibel lêzen.

Nei de reformaasje waard de katedraal yn 1690 noch ienris foar in koart skoft in roomske katedraal. Dat barde doe't kening Jakobus II út Ingelân nei Ierlân flechte om dêr fierder foar de troan te fjochtsen en de misse dêr bywenne. Wat letter, doe't kening Willem III werom kaam fan 'e Slach oan de Boyne, joech dy út tankberens foar syn oerwinning op kening Jakobus II in tal kommunyskalen oan 'e katedraal.

Yn 'e 17e iuw kamen sawol it parlemint as it gerjocht byinoar yn 'e gebouwen by de Christ Church.

De ferfallen Christ Church yn 1830.
Koerstek.

Krekt as de Sint-Patrickkatedraal koe ek it ûnderhâld fan 'e Christ Church yn 'e 19e iuw gjin sprekken lije. It gebou wie langer net feilich en koe net mear brûkt wurde. Tusken 1829 en 1831 waarden in pear renovaasjes útfierd. Mar de grutte renovaasje en foar in part werbou fûn tusken 1871 oant 1878 ûnder lieding fan George Edmund Street plak, nei't de whiskey-destillearder Henry Doe £ 230.000 beskikber stelde foar it behâld fan 'e katedraal. It 14e iuwske koer waard sloopt en in nije eastlike ôfsluting waard oer de krypte boud. De toer en it súdlike sydskip waarden op 'e nij boud en ek waard in nij kapittelhûs boud. Loftbôgen waarden as dekoratyf elemint tafoege en it noardlik portaal moast foar in nije doopkapel plakmeitsje. Mei de bou fan in nij synoadehûs waard Sint-Michaeltsjerke ôfbrutsen en tusken it nije synoadegebou en de tsjerke waard in loftbrêge boud. Mei de restauraasje waard in folseine ûndergong fan de katedraal tefoarren kommen, mar de Fiktoariaanske restauraasje brocht ek de ferneatiging fan it lange 14e-iuwske koer en it is hjoed-de-dei lestich te sjen hokker dielen fan 'e noch besteande bou midsiuwsk en hokker dielen Fiktoariaanske rekonstruksjes binne.

Brânskildere raam fan 'e Flecht nei Egypte.

Ek yn 1980 waard in grutte restauraasje útfierd, doe't de dakken en it mitselwurk waard neisjoen. De katedraal is wer iepen foar besikers en hat ferskillende keunstwurken, lykas it byld dat oant it ein fan 'e 18e iuw bûten it net mear besteande midsiuwske stedhûs fan Dublin stie en in rige kandlers út de tiid dat der yn 'e katedraal foar it lêst roomske missen fierd waarden.

It oargel waard yn 1984 troch de oargelmakkerij Kenneth Jones and Associates of Bray (Wicklow) boud en hat 40 registers ferdield oer trije manualen en pedaal. Yn 'e jierren 2003-2004 waard it instrumint skjinmakke en in lyts bytsje útwreide.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grêf Richard de Clare ("Strongbow")

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Strongbow-monumint

It Strongbow-monumint betinkt Richard de Clare (Strongbow wie de bynamme fan De Clare), dy't út Wales stamde en troch kening Diarmuid MacMorrough útnoege waard om nei Ierlân te kommen. Syn komst yn 1170 foarme it begjin fan 'e Ingelske ynfloed yn Ierlân. De oarspronklike tombe fan 'e yn 'e katedraal begroeven De Clare gyng spitigernôch yn 1562 by it delstoarten fan it ferwulft ferlern. As pendant stiet oan 'e oare kant fan it skip de tombe fan biskop Charles Lindsay, dy't fan 1804 oant 1846 as dekaan oan 'e tsjerke ferbûn wie.

Yn 'e tsjerke stiet oan 'e noardlike kant fan it middenskip by it koerstek in midsiuwsk kateder. De rjochter kateder is in kopy út de 19e iuw.

Krypte.

Under de Christ Church leit de grutste krypte fan Grut-Brittanje en Ierlân. De krypte hat in lingte fan 63,4 meter en waard yn de jierren 1172-1173 oanlein. Nei in renovaasje yn it begjin fan it nije millenium waard de krypte iepensteld foar publyk. Yn 'e krypte steane de âldste sekuliere stiennen bylden fan Ierlân, nammentlik dy fan Karel I en Karel II. Eartiids stienen de bylden bûten by de Tholsel (it midsiuwske stedhûs fan Dublin, dat yn 1806 sloopt waard). Ek yn 'e krypte binne in tabernakel en in tal kandlers, dy't brûkt waarden doe't de katedraal foar it lêst ûnder de roomske rite foel.

Mummy fan in kat en rôt.

Opmerklik binne in mummifisearre kat en rat út 1850 yn in fitrine. Nei alle gedachten siet de kat efter de rat oan, dy't beide yn in oargelpiip fêst kamen te sitten en dêr mummifisearren se. Yn 'e krypte wurde ek histoaryske boeken en alterreau bewarre.

De Christ Church Cathedral hie nei alle gedachten altiten al in liedklok. Wis is dat der yn 1440 trije grutte klokken yn 'e toer hongen, mar op 11 maart 1597 soarge in krûdeksploazje oan 'e tichtebylizzende kaai foar skea oan 'e tsjerketoer en de klokken. Seis nije klokken waarden yn 1670 út it metaal fan kanonnen getten en ferfolgens waarden der yn 1738 twa klokken tafoege en yn 1878 nochris fjouwer. Yn 1999 waard it tal oanfolle mei sân nije klokken, sa't it totaal no op 19 klokken komt.

Romaansk portaal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e súdlike kant fan it dwersskip is in romaansk portaal út de 12e iuw.

Passaazje oer de loftbrêge nei it Synoadehûs.

Efter it eastlike diel fan 'e katedraal leit no it kapittelhûs mei kantoaren, in bibleteek en romten foar gearkomsten en oare saken. De fûneminten fan it âlde kapittelhûs binne te sjen by it súdlike dwerskip.

Oan 'e westlike kant fan 'e tsjerke giet in 19e-iuwske loftbrêge nei it Synoadehûs (Synod Hall), dat boud waard op it plak fan 'e Sint-Michaeltsjerke. De toer fan 'e tsjerke makket no diel út fan dat gebou. It gebou waard foarhinne brûkt foar de gearkomsten fan synoades, no wurdt it brûkt troch Dublinia, in museum dat ynformearret oer it iere begjin en de midsiuwen fan Ierlân's haadstêd.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]