Brune Hoanskrobber

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
brune hoanskrobber
Foarkommen as: jierfûgel (donkergrien), simergast (ljochtgrien) en wintergast (blau)

De brune hoanskrobber ek: glee of mûzebiter, (Circus aeruginosus) is in rôffûgel út it skaai fan de haukeftigen (Accipitridae).

Kenmerken[bewurkje seksje | edit source]

In folwoeksen eksimplaar is sa'n 50 sintimeter grut. It bist fleant meastentiids leech oer sompen en reidfjilden, mei de foar alle soarten hoanskrobbers kenmerkende hâlding : in weagjende fleanbeweging, mei de wjukken yn in ûndjippe V-foarm. Brune hoanskrobbers nestelje op'e grûn yn de reiden.

It mantsje is brún en hat in griis wjukplak en sturt. It wyfke is ek brún, mar hat in ljochte krún en kiel.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

Brune hoanskrobbers komme simmerdeis yn hast hiel Europa foar, útsein Ierlân , Skandinaavje en it grutste diel fan it Feriene Keninkryk. Dêrneist komme se yn de winter yn it westen fan Europa foar (wêrûnder yn Nederlân en Belgje), Frankryk, Spanje, Portegal, Itaalje, it eardere Joegoslaavje, Grikelân en Turkije foar. Yn lêstneamde lannen binne se dus it hiele jier troch te finen.

Sjoch[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • SoortenBank.nl beskriuwing, fersprieding en lûd
  • SOVON Fersprieding en oantalsûntwikkeling fan de Brune hoanskrobber yn Nederlân
Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Circus aeruginosus en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.