Berjocht:Side fan de wike 2022/wike 16

Ut Wikipedy

Bretanje (Bretonsk: Breizh, útspr.: [bʀɛjs], likernôch: "bcheis"; Gallo: Bertaèyn of Bertègn, útspr. [bəʁˈtaɛɲ], likernôch: "buch-tainj"; Frânsk: Bretagne, útspr.: [bʀəˈtaɲ], likernôch: "bchuh-tanj"), is in skiereilân, histoaryske provinsje en kulturele regio yn it westen fan Frankryk, dy't fan it fêstelân fan Noardwest-Jeropa útstiket yn 'e Atlantyske Oseaan. Yn it noarden wurdt it begrinzge troch It Kanaal, yn it westen troch de Keltyske See en yn it suden troch de Golf fan Biskaje. Bretanje is it heitelân fan 'e Bretonnen, in folk dat fan âlds in Keltyske taal sprekt, it Bretonsk. Sûnt de njoggentjinde iuw is it dêrmei gâns yn it neigean rekke troch de oanhâldende druk fan it Frânsk. Yn it easten fan Bretanje wurdt ek noch in oare minderheidstaal sprutsen, it Gallo; dat is in Romaanske taal dy't nau oan it Frânsk besibbe is. Bretanje hat 4,5 miljoen ynwenners en wurdt beskôge as ien fan 'e seis Keltyske naasjes.

Bretanje stie yn 'e Romeinske Tiid bekend as Armoarika, dat diel útmakke fan Galje. Nei de fal fan it Romeinske Ryk foarme it yn 'e Iere Midsiuwen it ûnôfhinklike Keninkryk Bretanje, dat yn 'e tsiende iuw oergie yn it krektlyk ûnôfhinklike Hartochdom Bretanje. Yn 1532 kaam in ein oan 'e Bretonske ûnôfhinklikheid doe't it gebiet troch Frankryk anneksearre waard. Neitiid foarme Bretanje in provinsje fan Frankryk oant yn 1789, mei de Frânske Revolúsje, alle provinsjes opheft en yn departeminten opdield waarden. Yn 1956 waard de moderne regio Bretanje oprjochte, dêr't lykwols de histoaryske haadstêd Nantes bûten holden waard. Hjoed de dei stiet Bretanje benammen bekend om syn Keltyske kultuer en syn withoefolle megalityske monuminten (lykas menhirs).

Lês fierder