Berjocht:Side fan de wike 2020/wike 5

Ut Wikipedy

Edith Stein of Teresa Benedicta fan it Krús (Breslau yn Sileezje, 12 oktober 1891Auschwitz-Birkenau, faaks 9 augustus 1942) wie in Joadsk-Dútsk filosofe en karmelitesse. Hja groeide op yn in otterdoks joadsk gesin, mar waard as opslûpen fanke ateïste. Se studearre yn 1916 ôf yn û.m. psychology en filosofy oan 'e Universiteit fan Göttingen, en nei't se ûnder ynfloed fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke kommen wie, liet se har yn 1922 dope. Jierrenlang wurke Stein as skoaljuffer en letter as pedagoge, oant dat har ûnder it nazy-rezjym fanwegen har Joadsk komôf ûnmooglik makke waard. Dêrop die se yn 1933 yn in kleaster yn Keulen har yntrede as karmelityske non. Yn 1938 waarden sy en har suster Rosa, dy't har ek ta it kristendom bekeard hie en troch Stein by de karmelitessen belutsen rekke wie, troch de lieding fan 'e oarder foar harren feilichheid nei Nederlân ta stjoerd, dêr't se ferbleaune yn Echt (Limburch). Se waarden dêr yn augustus 1942 troch de nazys oppakt en fuortendaliks nei Auschwitz stjoerd, dêr't se yn 'e gaskeamers fermoarde waarden. Paus Jehannes Paulus II ferklearre Edith Stein sillich op 1 maaie 1987 en hillich op 11 oktober 1998. Stein jildt as brêgebouster tusken kristenen en joaden.

Lês fierder