Adolesinsje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De ûntfiering fan Psyche troch William Bouguereau

Adolesinsje is de oergong yn de ûntwikkeling tusken de jeugd en folsleine folwoeksenheid, dat in perioade represintearret wêryn in persoan biologysk, mar net emoasjoneel folgroeid is.

De leeftiden dy't beskôge wurde as ûnderdiel fan de adolesinsje ferskille per kultuer. Yn de Feriene Steaten wurdt adolesinsje beskôge as begjnnend om 13 jier en duorjend oant sawat 24 jier. Mar de Wrâldsûnensorganisaasje definearret adolesinsje as in perioade tusken de 10 en 20 jier. De Dikke Van Dale neamt de periode fan 16 oant 20 jier.

"Adolesinsje" is in kultureel en sosjaal fenomeen en dêrom binne grinzen net maklik te binen oan fysike mylpeallen. It wurdt komt fan it Latynske tiidwurd adolescere dat "opgroeie" betsjut. De perioade kin werkend wurde oan drastyske feroarings yn it lichem, kombinearre mei ûntwikkelingen yn de psychology en akademyske karriêre fan in persoan. By it begjin fan de adolesinsje komme bern faak fan de basisskkoalle en begjinne oan de middelbere skoalle.

Ien dy't yn de adolesinsje sit wurdt in adolesint neamd. De term adolesint hat net de sterke betsjutting fan "dwerslizzer" dy't it wurd puber hat.