Berjocht:Side fan de wike 2013/wike 21
Franz Liszt (1811 – 1886) wie in Hongaarsk komponist en pianofirtuoas. Hy jildt as ien fan de grutste pianofirtuoazen fan alle tiden. Franz Liszt wie teffens in foaroansteand en súksesfol muzykpedagooch, myzykherfoarmer en -fernijer; it symfonysk gedicht en it pianorecital wurde oan him taskreaun. Franz Liszt syn libben en wurk spile him fral yn Wenen en Parys ôf; syn lettere libben tusken Weimar, dêr't er hofkapelmaster wie, Boedapest en Rome, dêr't er ek de legere prysterwijing krige. .