Franz Liszt

Ut Wikipedy
Franz Liszt yn 1858

Franz Liszt (Hongaarsk: Liszt Ferenc(z), nei 1859 Dútsk: Franz Ritter von Liszt, Raiding, 22 oktober 1811Bayreuth, 31 july 1886) wie in Hongaarsk komponist en pianofirtuoas. Hy jildt as ien fan de grutste pianofirtuoazen fan alle tiden. Franz Liszt wie teffens in foaroansteand en súksesfol muzykpedagooch, myzykherfoarmer en -fernijer; it symfonysk gedicht en it pianorecital wurde oan him taskreaun. Franz Liszt syn libben en wurk spile him fral yn Wenen en Parys ôf; syn lettere libben tusken Weimar, dêr't er hofkapelmaster wie, Boedapest en Rome, dêr't er ek de legere prysterwijing krige. Hy waard altyd oansprutsen mei "abbé" (heit), hoewol't syn wijing him dêr gjin rjocht op joech.

Wûnderbern[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Franz Liszt waard berne oan it hof fan prins Nicolaas II Esterházy in Raiding (Hongaarsk: Doborján), yn it doetiidske Keninkryk Hongarije (no Burgenland yn Eastenryk) en dêr op 23 oktober doopt. Syn heit Ádám Liszt, út in Dútsk laach, wie rentmaster by Esterázy en mem wie Maria Anna Lager.[1] Thús waard Dútsk sprutsen, sels spriek er leafst Frânsk.

Al mei seis jier die syn grutte muzikale bejeftigens bliken; hy krige doe muzykûnderjocht fan syn heit. Yn in jier koe er muzyk lêze én skriuwe. Mei njoggen jier joech er syn earste konsert yn Sopron. Fuort dêrnei naam Ádám him mei nei it Esterházy-paleis yn Eisenstadt (Hongaarsk: Kismárton), om in twadde konsert te organisearjen foar prins Nicolaas II Esterházy. Letter yn’t jier folge in konsert foar Hongaarske eallju yn Pressburg. Beide wiene tige slagge en Ádám berikt dêrmei wat er yn de holle hie: fan de Hongaarske eallju krige de jonge Franz in stúdzjebeurs sadat er by in musikus fan namme fierder studearje koe.[2]

It waard Carl Czerny yn Wenen, in foaroansteand komponist en learling fan Beethoven, dy’t it in ear fûn en de jonge Franz wol fergees les jaan woe. Dit die heit Ádám besluten om syn wurk oer te jaan en him folslein ta te lizzen op de muzikale ûntjouwing fan syn soan. Liszt hat doe noch in skoftke ûnderrjocht yn komposysje hân fan Antonio Salieri. Ien fan syn lêste konserten yn Wenen wie in solo-recital op 13 april 1823 dêr’t ek Ludwig van Beethoven foar útnûge wie. It skynt dat dy bot ûnder de yndruk fan Liszt wie, hoewol’t er doe al dôf wie.

Yn Parys[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Septimber 1823 ferhuze de famylje nei Parys mei de bedoeling dat Liszt dêr fierder studearje soe oan it konservatoarium. Hy waard lykwols net talitten omdat er bûtenlanner wie. Privee waard der wol fierder stúdearre: teory by Anton Reicha en komposysje, hamony en kontrapunt by Ferdinando Paër. Fierder muzikaal ûnderrjocht hat Liszt net hân, dat hy wie foar it meastepart in autodidakt.

Parijs bleau lykwols it sintrum dêr’t er as pianofirtuoas spile en komponearre. Hy waard hurd populêr by publyk, kritisy en kollega's; hy kaam yn de hege maatskiplike rûnten en krige sels ûnderskiedingen foar syn konserten. It wie ek yn Parys dat er letter it "recital" ynbrocht (1839). Yn syn Paryske jierren makke er ek, ûnder tafersjoch fan syn heit, in stikmannich reizen nei Ingelân, dêr’t er rillegau in ferneamd pianist waard. In hichtepunt wie syn recital foar kening George IV yn it Carlton House. Ek yn die tiid die bliken dat Liszt in master yn it transponearjen wie. Eltsenien wie ferbjustere dat er muzykstikken, al lêzend fan papier, sûnder in protte muoite dwaan te hoegen nei in oare toanaard oersette (bygelyks fan C nei Cis). [3] Teffens koe er sûnder foarstúdzje yngewikkelde muzykstikken sa fan it papier ôf útfiere.

Pelgrimaazje (1835–1843) en Weimar (1843-1861)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Franz Liszt ymprovisearret op de Piano (1840), fan Danhauser

. It optocht selskip bestiet út, sittend Alfred de Musset of Alexandre Dumas de Aldere, George Sand, Franz Liszt, Marie d'Agoult; steand Hector Berlioz of Victor Hugo, Niccolò Paganini, Gioachino Rossini; in búste fan Beethoven op de piano (in "Graf"), in portret Lord Byron oan de muorre, in stânbyld fan Jeanne d'Arc lofts.[4][5][6]

Op 28 augustus 1827 kaam syn heit oan de gefolgen fan búktyfus te ferstjerren. Liszt wie doe 16 jier en finansjeel al selsstannich. Troch de dea fan heit en dêr oerhinne noch in mislearre ferhâlding mei ien fan syn learlingen, Caroline de Saint-Cricq – bûten harren skuld om – rekke er depressyf en ferlear alle nocht oan de muzyk. Neist dy senuwynsinking waard er slim siik, mar waard wer better.[7] Yn dizze snuorje rekket Liszt yn de ban fan de literatuer, wat in grutte boarne fan ynspiraasje foar him wurde soe (en ek foar neikommende generaasjes komponisten). Teffens ferdjippe er him yngeand yn religy (wat yn 1865 ta syn prysterwijing late). It iennige wat er yn dy tiid komponearre hat, is de Grande Fantaisie sur la Tyrolienne (1829), in transkripsje fan Auber syn opera "La Fiancée", dy't opdroegen waard oan Chopin.[8]

By it útbrekken fan de (Frânske) Revolúsje fan 1830 kaam de omkear - hy joech him alhiel wer oan de muzyk, as wie er wekker skodde troch it kanonnebulderjen. Boppedat sette de revolúsje him oan it tinken oer it (destiidske) sosjalisme. Tusken 1830 en 1832 kaam er yn de kunde mei de grutte nammen út it muzyklibben út dy tiid: Rossini, Bellini, Meyerbeer, Paganini en letter Hector Berlioz, Frédéric Chopin, dy't grutte ynfloed op Liszt as musikus (op poëtysk, lyrysk en firtuoas mêd) hân hawwe. Dêrneist moete er skriuwers, filosofen en oare yntellektuëlen, sa as Victor Hugo en George Sand.

Marie d'Agoult, yn 1843 (Parys, Musée Carnavalet)

Fan 1833 oant 1844 hie Liszt in liaison mei de skriuwster Marie Catherine Sophie de Flavigny, grevinne d’Agoult - better bekend ûnder har pseudonym "Daniel Stern". Om it skandaal út de wei te gean flechten sy nei Genêve. Sy krigen twa dochters, Blandine en Cosima, en in doan, Daniël dy’t al jong stoar. Dochter Blandine, troude letter yn in foarneam Frânsk laach; dochter Cosima (1837-1930) troude yn 1857 mei Hans von Bülow en yn 1870 mei Richard Wagner. Neist leafde betsjutte dy relaasje foar Liszt ek finansjele wissichheid en in fêst ferbliuwplak. Ek Marie Catharina har protte kunde sil Liszt wol fertuten dien hawwe. De relaasje einige yn 1844, ûnder oaren omdat Liszt in soad fan hûs wie en omdat er it flirten mei oare froulju net litte koe. Yn dizze perioade skreau er syn ferneamde Douze études d'exécution transcendante, Grandes études de Paganini en twa fan de trije suites Années de pèlerinage en spile er op sawat alle grutte konsertpoadiums fan Europa. Hy krige de iene nei de oare ûnderskieding en fertsjinne in slompe jild, noch mar goed 30 jier âld.

Yn 1847 krige er by in konsertreis yn Ruslân kunde oan foarstinne Carolyne zu Sayn-Wittgenstein (1819 - Rome, 1890). In houlik koe it net wurde, omdat de katolike tsjerke it ûntbinen fan it houlik tusken prinses Carolyne en har man, prins Nicholas zu Sayn-Wittgenstein ferbea. Sy hawwe oant yn 1860 besocht om ta in houlik te kommen, mar koene lang om let allinne freonen bliuwe. Yn 1848 festiget er him yn Weimar, dêr’t er al yn 1842 as dirigint (Hofkapelmeister in ausserordentlichen Diensten) oantsteld wie; Carolyne folge him dêrhinne.

Liszt waard op 30 oktober 1859 troch keizer Frans Jozef I fan Eastenryk adele as Franz Ritter von Liszt. Dy adellike titel hat er lykwols neitiid nea brûkt. Yn 1875 waard er foarsitter fan de lanlike muzykakademy te Boedapest, de no ferneamde Ferenc Liszt Akademy.

De ein[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âlde Liszt efter de piano. Gravuere fan in foto, makke troch Louis Held, Weimar, 1885

Oant it lêste ta reizge Liszt troch Europa. Fuort nei in tige slagge konsertomgong troch Ingelân en Frankryk waard er ferkâlden; rillegau gie dat oer yn in longûntstekking. It soe net mear oerbetterje. Hy stoar op 31 july 1886, dêr't in pear fan syn pupillen by wienen, yn de âldens fan 74 jier te Bayreuth en kaam dêr op 3 augustus te hôf.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Komponist[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De measte fan Liszts komposysjes binne wreed ferneamd fanwege de hege technyske easken dy't oan de pianist steld wurde. By syn meast bekende wurk heare de "Hongaarske rapsodiën" (S.244), de Transindentale Etúdes (S.139), de "Faust-symfony" (S.108), de Pianosonate in b mineur (S.178), de Dante Sonate (S.158) en de "Années de Pèlerinage" (S.160 t/m 163). Fan de measte symfoanyske wurken binne mear as ien ferzjes fassungen); yn de konsertpraktyk wurdt meast de lêste ferzje brûkt.

Muzykwittenskipper Humphrey Searle hat in list fan Liszt syn wurk gearstald, hy komt op 701 titels:

  • 123 stikken foar piano
  • 77 lieten
  • 65 geastlike koarwurken
  • 28 oare koarwurken
  • 10 oargelwurken
  • 1 opera
  • 25 wurken foar orkes
  • 7 wurken foar piano en orkest
  • 9 keamerkonserten
  • 5 melodrama's
  • 335 arranzjeminten en transskripsjes
  • 17 wurken dy't net dien makke binne

Foar in folsleine list fan Liszt syn wurk, sjoch it artikel op de Nederlânsktalige Wikipedia: [1]

Muzykpedagooch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It fergese ûnderwiis fan Czerny is Liszt altyd tankber foar bleaun. As learaar en persoan har er sels ek altyd royaal en ûnbaatsuchtich west. De measte fan de goed 400 learlingen dy’t Liszt hân hat, hawwe fergees les fan him hân. Under syn foarneamste learlingen wienen: Eugen d’Albert, Hans von Bülow, Miss Drawing, Arthur Friedheim, Carl Heyman, Wladimir von Pachmann, Joseph Pembauer, Joachim Raff, Camille Saint-Saëns, Aleksander Siloti, Karl Tausig , Johan Weiss en noch folle mear bekende nammen. Al dy lju waarden sels letter goede pedagogen of komponisten en waarden ferneamde konsertpianisten.

Skriuwer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Liszt syn literêre wurk is sammele yn seis mânske bondels. Dêr sit ûnder oaren in biografy fan Chopin by, in referaat dêr't wol striderij oer west hat, 'Sigeuners en har muzyk yn Hongarije', oantinkens oan Wagner en in soad korrespondinsje.

Fjouwer portretten fan Franz Liszt.
F.l.n.r.: as jonge, as tsiener, as man en mei hege âldens

Keppeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Taylor (1986), pp. 1-3. Der is in soad striderij west oer de fraach oft Liszt út in Dútsk laach of in aadlik Hongaarsk laach kaam. Genealogysk ûndersyk hat útwiisd dat de famylje Liszt (Dútsk: List) ôfstammet fan in laach fan Dútske lânbouwers en ambachtslju yn tsjinst fan de Esterházy's.
  2. Taylor (1986), pp. 3-8.
  3. Taylor (1986), pp. 10-12.
  4. After the golden age: romantic pianism and modern performance by Kenneth Hamilton, p. 83, Oxford University Press 2008, ISBN 978-0-19-517826-5
  5. "Liszt at the Piano" by Edward Swenson, June 2006
  6. Franz Liszt, am Flügel phantasierend by Stiftung Preußischer Kulturbesitz
  7. Taylor (1986), pp. 17-19
  8. Taylor (1986), pp. 17-20.

Th. Willemze, Componistenlexicon; útjouwerij Het Spectrum Utert/Antwerpen 1981.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Franz Liszt fan Wikimedia Commons.