Weimar

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Weimar
It Goethe-Schillermonumint
It Goethe-Schillermonumint
Sifers
Ynwennertal 65.479 (2010)
Oerflak 84.26 km²
Befolkingstichtens 7777 / km²
Hichte 208 m
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Turingen
Oar
Koördinaten
Webside http://www.weimar.de


Weimar is in Dútse stêd yn de dielstaat Turingen. De stêd hat 64.481 ynwenners (2006) en is in universitêr, toeristysk en yndustrieel sintrum. Weimar is in stedsdistrikt (kreisfreie Stadt).

Ut de skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Weimar waard foar it earst neamd yn 899 en wie tusken 946 en 1346 sintrum fan it greefskip Weimar respektyflik Weimar-Orlamünde. De stêd krige yn 1410 stedsrjochten.

Weimar kaam yn de 14e ieu oan it Hûs Wettin. Hartoch Johan Frederik de Grootmoedige makke it ta residinsje fan it hartchdom Saksen-Weimar, dat letter Saksen-Weimar-Eisenach wie, wat it oant 1920 bliuwe soe.

Under it bewâld fan gruthartoch Karel August (1775-1828) wie de stêd it yntellektuele thús fan de rûnte om de Dútse skriuwer Johann Wolfgang von Goethe hinne (Weimarer Klassik).

Nei de Earste Wrâldkriich, yn 1919, kaam de grûndwetgjouwende Nasjonale Gearkomst yn Weimar by elkoar. De Weimarrepublyk (1918 -1933) is nei dy gearkomst neamd. Yn 1920 waard Weimar de haadstêd fan de dielsteat Turingen.

It Buchenwaldmonumint

Yn 1937 bouden de Nazys it konsintraasjekamp Buchenwald op mar acht kilometer fan Weimar's sintrum. De Alliearde troepen berikten de stêd yn april 1945. De ynwenners fan Weimar waarden doe twong om yn it kamp te sjen wat ûnder har noas bard wie.

Yn 1999 wie Weimar Kulturele haadstêd fan Europa. De histoaryske binnenstêd fan Weimar is troch UNESCO ta wrâlderfgoed ferklearre. ûnder oaren de Anna Amalia-bibleteek, dy't yn 2004 foar in part ôfbaarnde, beheart dêrby. Fierders steanne inkelde foarbylden fan Bauhaus-arsjitektuer, dy't dêr ûntstien is, op de list.

Stedsbyld[bewurkje seksje | edit source]

Stedsdistrikten[bewurkje seksje | edit source]

Weimar Stadtgliederung.png


Persoanen ferbûn mei Weimar[bewurkje seksje | edit source]

Josef Albers - Anna Amalia fan Brunswyk - Augusta fan Saksen-Weimar-Eisenach - Carl Philipp Emanuel Bach - Johann Sebastian Bach - Adolf Bartels - Gerhard Baumgärtel - Ludwig Bechstein - Fritz Bennewitz - Sibylle Berg - Bernhard fan Saksen-Weimar - Hector Berlioz - Friedrich Justin Bertuch - Arnold Böcklin - Adolf Brütt - Lothar-Günther Buchheim - Clemens Wenzeslaus Coudray - Lucas Cranach der Ältere - Lucas Cranach der Jüngere - Adolf von Donndorf - Carl Eberwein - Johann Peter Eckermann - Gottlieb Elster - Otto Erler - Paul Ernst - Ernst August I van Saksen-Weimar-Eisenach - Johannes Daniel Falk - Lyonel Feininger - Elisabeth Förster-Nietzsche - Caspar David Friedrich - Ernst Christian August von Gersdorff - Luise von Göchhausen - August von Goethe - Christiane von Goethe - Johann Wolfgang von Goethe - Hans Gerhard Gräf - Walter Gropius - Julius Grosse - Gertrud Grunow - Alfred Götze - Georg Haar - Ernst Hardt - Friedrich Hebbel - Jutta Hecker - Johann Gottfried Herder - Wolfgang Hohlbein - Christoph Wilhelm Hufeland - Johann Nepomuk Hummel - Franz Huth - Johannes Itten - Christian Joseph Jagemann - Wassily Kandinsky - Karel Alexander fan Saksen-Weimar-Eisenach & Sophie fan de Nederlannen - Karel August van Saksen-Weimar-Eisenach - Harry Graf Kessler - Wulf Kirsten - Paul Klee - Karl Ludwig von Knebel - August von Kotzebue - Franz Liszt - Fritz Mackensen - Gerhard Marcks - Georg Mardersteig - Paul Michaelis - Georg Muche - László Moholy-Nagy - Georg Muche - Friedrich von Müller - Johann Karl August Musäus - Friedrich Nietzsche - Lorenz Oken - Hans Olde - Arnold Rudolf Paulssen - Hans Constantin Paulssen - Jean Paul - Maria Paulowna fan Ruslân - Carl Leonhard Reinhold - Friedrich Schiller - Baldur von Schirach - Carl von Schirach - Oskar Schlemmer - Arthur Schopenhauer - Konrad Samuel Schurzfleisch - Charlotte von Stein - Richard Strauss - Harry Thürk - Henry Van de Velde - Karel Verlat - Christian August Vulpius - Ernst Wachler - Richard Wagner - Julius Wahle - Richard Wetz - Christoph Martin Wieland - Ernst von Wildenbruch - Bernhard von Zech- Carl Zeiss

Partnersteden[bewurkje seksje | edit source]

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]