Springe nei ynhâld

Bakstiengotyk

Ut Wikipedy
Detail fan de bakstiengoatyske Sint-Annatsjerke yn it Litouske Vilnjûs

De Bakstiengotyk is in stylfoarm fan de gotyk.

De bakstiengotyk kaam op yn de 12e iuw yn lannen dêr't brek wie oan natuerstien. Muontsen spilen in grutte rol by de produksje fan bakstien, in boumaterjaal dat better as hout tsjin brân bestân wie. Guon âlde bouwurken waarden lykwols noch yn de foargeande styl boud en binne bakstienromaansk te neamen. De bakstiengotyk waard yn it hiele Hânzegebiet in populêre styl en gyng yn de 16e iuw oer op de bakstienrenêssânse.

Foarbylden fan dizze arsjitektuer binne te finen yn Noard-Europa, benammen yn it noarden fan it hjoeddeiske Dútslân en yn it eardere Dútske Eastseegebiet lykas Poalen en Ruslân, mar ek yn oare lannen lykas Denemark, Sweden de Baltyske steaten, Nederlân en Flaanderen.

Plakken mei noardlike bakstiengotyk en sudlike bakstiengotyk yn Europa

Om't bylden net fan bakstien te meitsjen wiene is it brek oan byldhoukundige dekoraasjes in eigenskip fan de bakstiengotyk. Oan de oare kant wist men troch fakkundich mitselwurk komplekse dekoraasjes oan te bringen. Typyske dekoraasjes fan de bakstiengotiek binne ek it oanbringen fan wite of grize flakken en de tapassing fan glazuere bakstiennen.

Benammen yn de machtige stêden fan it Hânzebûn waard de styl it meast dekoratyf ûntwikkele. Tsjerken, riedshûzen, poarten, kastielen en hûzen fan rike keaplju, tsjûgje ek hjoed-de-dei noch fan dy boukeunst.

De Europeeske Rûte foar Bakstiengotyk riuwt in tal stêden mei de moaie foarbylden fan dizze boustyl oan inoar.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]