Aurel Stein

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Stein yn Sintraal-Azaje yn 1929
Stein yn it Tarimbekken

Sir Marc Aurel Stein (Hongaarsk: Stein Aurél) (Boedapest, 26 novimber 1862 - 26 oktober 1943) wie in Hongaarsk argeolooch, Yndiakundige en tibetolooch. Letter liet er him naturalisearje ta Britsk boarger.

Stein makke fjouwer grutte ekspedysjes nei Sintraal-Aazje: yn 1900, 1906-8, 1913-6 en 1930. By de ekspedysje fan 1906-8 roan er bevriezing op en ferlear er in tal tiennen fan syn rjochter foet. Hy wie professor oan ferskate universiteiten yn Yndia en waard beïnfloede troch Through Asia fan Sven Hedin út 1898.

Stein liet in kolleksje nei oan de British Library, Britsk Museum, Srinagar Museum en it Nasjonale Museum fan New Delhi. Dêr binne manuskripten, houten tabletten ûnder en dokuminten yn it Mandaryn, Tibetaansk, Tangut, Prakrit, Khotaneesk, Oeïgoersk, Sogdysk en it East-Turksk.

De grutste ontdekking die Stein by de Mogao-grotten yn Dunhuang, dêr't er de Diamant-soetra ûntduts, de âldst printe tekst fan de wrâld, tagelyk mei 40.000 oare rollen dy't yn 1900 ûntdekt wiene troch de taoïstyske muonts Wang Yuanlu. De Frânske oriëntalist Paul Pelliot slagge it yn 1908 dêr in tige weardefolle diel fan dy manuskripten fan Dunhuang te kepjen dy't troch Marcelle Lalou katalogisearre waard en opslein waard yn de Bibliothèque nationale de France. Stein ûntmaskere yn 1901 de ferfalsingen fan Islam Akhun.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]