Paul Pelliot

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Paul Pelliot

Paul Pelliot (28 maaie 1878 - 26 oktober 1945) wie in Frânsk sinolooch, tibetolooch en ûntdekkingsreizger. Pelliot koe trettjin talen en wie learling fan de Yndiakundige Sylvain Lévi.

Pelliot waard op syn 21e nei Peking stjoerd mei as doel manuskripten te behâlden; op dat stuit spile krekt de Bokseropstân en hy rekke belutsen by de 55 dagen fan Peking yn de simmer fan 1900. Hy die mei oan de ferdigening fan de gesantskipsgebouwen en krige dêrfoar letter it Légion d'honneur.

Pelliot syn meast bekende misje wie dy fan 1908. Yn 1906 sette er mei twa kompanjons út Parys wei ôf nei Peking. Hy reizge oer Dunhuang yn Turkestan. Dêr kocht er in partij manuskripten út de Mogao-grotten; dat wie earder Aurel Stein net slagge. Dy manuskripten fan Dunhuang binne skreaun yn it Sineesk, Tibetaansk, Sogdysk en Oeïgoersk. Nei't Pelliot weromkaam wie, binne sy kategorisearre troch Marcelle Lalou en wurde bewarre yn de Bibliothèque nationale de France. De manuskripten binne fan grut belang foar de stúdzje fan Sintraal-Aazje.

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

  • Hopkirk, Peter (1995) Bouddhas et rôdeurs sur la Route de la soie, Éditions Philippe Picquier, ISBN 2-87730-215-6

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]