Aucke van der Werff

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Aucke van der Werff

Aucke van der Werff (Skettens, 3 septimber 1953) is in Nederlânske politikus foar it Kristen Demokratysk Appèl, CDA.

Van der Werff waard berne yn Skettens, mar brocht syn jeugd troch yn it Oeriselske Kampen. Hy folge de hbs-b en die dêrnei de pedagogyske akademy en de MO-learareoplieding Ingelsk.

Sûnt 1988 is er warber yn de lokale polityk, earst as ôfdielingsfoarsitter fan it CDA yn Wymbritseradiel, dêrnei fan 1990 oant 2002 as lid fan de gemeenteried en fan 1998 oant 2002 as wethâlder en lokoboargemaster.

Sûnt 17 febrewaris 2003 is Van der Werff boargemaster oan It Bilt, as opfolger fan Klaas Dankert (PvdA).

Op 3 maaie 2010 is Van der Werff ynstallearre as boargemaster fan de gemeente Noardeastpolder.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]