Anskar

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Stânbyld fan Sint-Anskar yn Hamburch

De hillige Anskar of Ansgarius (801 - Bremen, 3 febrewaris 865), de Apostel fan it Noarden, waard muonts yn it âlde Korby (Pikardje) en it nije Korby (Westfalen). Hy beselskippe de bekearde kening fan Denemark, Harald I, werom nei syn thúslân nei dy syn ballingskip. Ansgarius waard sindeling yn Denemark en Sweden en rjochte de earste tsjerke yn Sweden op yn 832. Hy waard abt fan de nije abdij fan Korby yn 834, biskop fan Hamburch en pauslik legaat fan Gregoarius IV foar Skandinaavje.

Anskar rjochte de earste skoalle yn Denemark op, mar moast op de flecht foar de heidenen. Anskar wie ek aartsbiskop fan Bremen en bestried de slavernij. Hy bekearde Erik, de kening fan Jutlân, en wie bekend as preker en wûnderdwaner. In grut diel fan syn wurk waard nei syn dea teneate dien troch it heidendom. Syn opfolger Rembertus skreau letter de hagiografy Vita Ansgarii, wêryn't Anskar syn klerikale karriêre en syn misjewurk yn Skandinaavje beskreaun wurde.

Neffens de oerlevering waard Anskar troch paus Nikolaas I hillich ferklearre. Hy is de patroanhillige fan Denemark, fan Sweden, fan Skandinaavje en fan it bisdom Bremen.

Syn nammedei is op 3 febrewaris.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]