Westfalen (streek)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Westfalen, grinzen:
Grien: Keninkryk Westfalen (1807-1813)
Read: De prusyske provinsje Westfalen (1815-1946)
Donker griis: Noardryn-Westfalen (1946-)

Westfalen beslacht de noardeastlike helte fan Noardryn-Westfalen, ien fan de dielsteaten fan Dútslân. It bestiet út de regierungsbezirke Arnsberg, Detmold en Münster mar hat feitlik gjin administrative betsjutting mear. De stêden Dortmund, Münster en Bielefeld binne wichtige sintrums fan Westfalen.

Yn Westfalen wurdt ûnder oaren Westfaalsk sprutsen.

Skiednis: territoariums[bewurkje seksje | edit source]

De histoaryske streek Westfalen beslacht in folle grutter gebiet, nammentlik it hiele westlike part fan it eardere Stamhartochdom Saksen, tusken de Neder-Ryn en de Wezer. De Saksen neamden har eastlike gebiet Eastfalen. Yn de Annales regni Francorum wurde de bewenners fan East- en West-Falen foar it earst neamd by de beskriuwing fan it jier 784, doe't Karel de Grutte en syn âldste soan Karel oplutsen tsjin de Saksen, Karel de Grutte tsjin de "Ostfalaos" en syn soan tsjin de "Westfalaos". It wurd fal(ah) betsjut oars net as 'fjild' as 'flakte'. Dat East- en West-Falen wiene earst it eastlân en it westlân fan de Saksen. De term East-Falen waard letter net mear brûkt.

Sûnt 1180 wie der in hartochdom Westfalen. De weardichheid fan hartoch waard droegen troch de aartsbiskop en karfoarst fan Keulen. Oan de ein fan de 18e ieu hie dy feitlik allinne noch macht yn in lyts gebiet mei de distrikten Olpe en Hochsauerlandkreis fan no.

By de yndieling fan it Hillige Roomske Ryk yn in tal kreitsen yn 1500, waard de Westfaalske Kreits it hiele gebiet beëasten de Boergondyske Kreits. It omfieme de gebieten fan de prinsbisdommen Münster en Luik, en alle tuskenynlizzende lytsere foarstedommen. Yn it earstoan wie ek it stift Utert yndield by de Westfaalske Kreits.

Yn 1807 stifte Napoleon it keninkryk Westfalen, dat foar in part wol en foar in diel net it eardere grutte Westfalen omfette, mei grutte dielen fan de tsjintwurdige bûnslannen Nedersaksen, Hessen en Saksen-Anhalt dêrta.

By it Kongres fan Wenen yn 1815 waard it súd-westlike diel fan dat keninkryk tawiisd oan Prusen. Sûnt wurdt de namme Westfalen mear en mear allinnich noch brûkt foar dy Prusyske provinsje Westfalen. Dy gie yn 1946 op yn de bûnssteat Noardryn-Westfalen.

Symboalen[bewurkje seksje | edit source]

Wapen fan de provinsje Westfalen Wapen fan Noardryn-Westfalen Wapen fan Westfalen Wapen fan Nedersaksen
Prusysk Westfalen Noardryn-Westfalen Westfalen Nedersaksen

It symboal fan Westfalen is fanâlds in wyt hynder op in read fjild (it Westfalenpferd of Sachsenross), dat it folk de Saksen fertsjintwurdiget. Dat ôfbyld waard brûkt yn it wapen fan Prusysk Westfalen en sit no yn it wapen fan Noardryn-Westfalen. It wite hynder is ek it tradisjonele symboal fan it oanswettende Nedersaksen.


Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]