Anna Achmatova

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Anna Achmatova
Modigliani- Tekening fan Anna Achmatova (1911)
Achmatova yn 1914

Anna Andrejevna Achmatova (Russysk: Анна Андреевна Ахматова; Gorenko, (Bolsjoj Fontan by Odessa, 23 juny 1889 - Domodedovo by Moskou, 5 maart 1966) wie in Russyske dichteres.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Achmatova studearre earst rjochten, mar gie letter oer op taal- en letterkunde. Fan 1910 oant 1918 wie hja troud mei de dichter Nikolaj Goemiljov dy't yn 1921 troch de kommunisten eksekutearre waard.

Mei har man en de dichter Osip Mandelstam hat se yn 1911 in literêre groep ûnder de namme Akmeïsten opjochte. Dy namme komt fan it Grykske wurd 'akmé', top, hichtepunt. Dizze streaming fersette him meast tsjin de symbolisten.

De wichtichste tema's fan har wurk binne leafde en dichterskip. Mankelikens en teloerstelling, bygelyks oer de trageedzje fan de revolúsje fan 1917, binne ek skaaimerken fan har wurk.

Tusken 1922 en 1940 publisearre Achmatova gjin eigen gedichten mear, mar wie wol yngeand dwaande mei stúdzje fan Poesjkin syn wurk. Mei de dichtbondel 'Ut Seis Boeken' kaam hja yn 1940, al wie it mar in skoftsje, werom yn de literatuer fan de Sovjetuny.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard Achmatova is soad behindere troch de offisjele kommunistyske krityk. Sy waard sels út de Uny fan Skriuwers set. Hja kaam troch de tiid mei oersetwurk.
Earst nei it XXe partijkongres yn 1956 krige hja de gelegenheid om wer te publisearjen. Oan de ein fan har libben krige se tastimming foar reizgjen nei it Westen, ûnder oaren om it earedoktoraat fan de Universiteit fan Oxford yn ûntfangst te nimmen. Yn dy tiid ferskynde ek har lêste grutte wurk 'Epos sûnder helt'.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

  • 1912 'De jûn'
  • 1913 'De Roazekrâns'
  • 1917 'De Wyte Swarm'
  • 1922 'Anno Domini MCMXXI'
  • 1940 'Ut Seis Boeken'

Tusken 1935 en 1940 skreau Achmatova 'Requiem', in rige fan tolve gedichten oer har soan Lev dy't doetiids yn in konsintraasjekamp siet. Dat wurk koe earst yn 1961 hielendal publisearre wurde.

  • 1962 'Epos sûnder helt'.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Anna Akhmatova en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.