Akmeïsme

Ut Wikipedy
In jonge Nikolaj Goemiljov

It Akmeïsme (Russysk: aкмеизм) wie in beweging yn de Russyske dichtkeunst dy’t yn 1910 ûntstie ûnder lieding fan Nikolaj Goemiljov en Sergej Gorodetski. De akmeïsten fersetten har tsjin it symbolisme en stribben yn har fersen nei uterste helderheid. Akmeïsme komt fan it Grykske wurd 'acme' dat 'hichtepunt' betsjut. Fertsjintwurdigers fan it akmeísme binne ûnder oaren Osip Mandelstam en Anna Achmatova.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De geast fan it akmeïsme waard it earst utere yn it essee fan Michail Koezmin út 1910: 'Oer harmonieuze helderheid' (O prekrasnoj jasnosti). Hy kritisearre hjiryn de "falkûlen fan ûnbegryplikens en kosmyske tsjusterens" en trune skriuwers oan ta "logika fan foarstelling, konstruksje, syntaksis (...), leafde foar it wurd, sa as by Gustave Flaubert (...)" en fierders advisearre er: "wêz ekonomysk yn it brûken fan middelen en sunich mei wurden, wês sekuer en suver - en jo sille it geheim bleat lizze fan eat enoarms - harmonieuze helderheid - wat ik 'klarisme' neame wolle soe."[1] De beweging sette útein as "Dichtersgilde" (Цех поэтов), nei it model fan de midsiuwske gilden. De oprjochters fan it Dichtersgilde wiene Nikolaj Goemiljov, dichter en man fan Anna Achmatova, en Sergej Gorodetski.

It Dichtersgilde, dat in neoklassisistyske foarm fan modernisme praktisearre en "dichterlik fakmanskip en kulturele kontinuïteit"[2] heech hâlde, beskôge Alexander Pope, Théophile Gautier, Rudyard Kipling, Innokenti Annenski en de Frânske Parnassiaanske dichters as foarrinners.

De akmeïsten stelden tsjinoer de 'Dionysyske útsinnigens', dêr't de Russyske symbolisten as Andrej Bely en Vjacheslav Ivanov foar wienen, it ideaal fan 'Apollinyske helderheid' - dêrom waard Apollon de namme fan har tydskrift. Tsjinoer 'ferklearring mei help fan symboalen' setten sy 'direkte útdrukking mei help fan bylden'.[3]

Yn 1913 skreau Mandelstam it manifest: De dage fan it Akmeïsme. Hy omskriuwt it akmeïsme hjiryn as "in langstme nei in wrâldkultuer". Wichtige dichters fan it akmeïsme wienen: Nikolaj Goemiljov, Osip Mandelstam, Michail Koezmin, Anna Achmatova, Sergej Gorodetski en Georgij Ivanov. De groep kaam yn it earstoan gear yn 'Kafee De Ferdwaalde Hûn' yn Sint-Petersburch, destiids in wichtich moetingsplak foar keunstners en skriuwers. Mandelstam syn gedichtebondel 'Stien' (Kamen) wurdt beskôge as it hichtepunt fan it akmeïstysk stribjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Boarnen

  • Ingelske Wikipedia-artikel

Noaten

  1. Sjoch: 'On Beautiful Clarity'. Foar in Nederlânsk foarbyld fan it gebrûk fan it begrip 'klarisme', sjoch: Steeds Mooier (Maarten Doorman, Steeds mooier. Over geschiedenis en zin van vooruitgangsideeën in de kunst, Amsterdam: Ooievaar 2000, hdst. 7, s. 223).
  2. Michael Wachtel. The Cambridge Introduction to Russian Poetry. Cambridge University Press: 2004, s. 8.
  3. Mark Willhardt & Alan Michael Parker. Who's Who in 20th Century World Poetry, Routledge: 2001, s. 8.