Aleksander Pûsjkin

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Aleksander Poesjkin")
Gean nei: navigaasje, sykje
Alexander Pushkin troch Orest Kiprensky.

Aleksander Pûsjkin, folút Aleksander Sergejevitsj Pûsjkin (Russysk: Александр Сергеевич Пушкин; 6 juny 1799, Moskou10 febrewaris 1837, Sint-Petersburch, of 26 maaie 179929 jannewaris 1837 neffens de Juliaanske kalinder) wie in Russysk dichter.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pûsjkin wurdt algemien beskôge as de grutste Russyske dichter, en ek as ìèn fan de grutste dichters út de wrâldliteratuer. Mei oare grutte Russyske skriuwers, as Michail Lermontov, Nikolaj Gogol, Ivan Toergenjev, Fjodor Tjoettsjev, Fjodor Dostojevski, Lev Tolstoj en Anton Tsjechov heart Pûsjkin ta de saneamde 'gouden ieu' fan de Russyske literatuer.

Hy wurdt noch hieltyd in protte lêzen. Fan jongs ôf krije bern syn poëzij yn Russyske mearkes en letter lêze sy him om syn floeiende, skitterjende, muzikale taal. Oersetters hawwe it dreech om dat goed oer te bringen.

Neist wiidweidige lyryk mei in soad leafdes- en oare gedichten, lykas 'Ik haw' dy leaf', 'Nacht', 'Winterjûn' en 'Hjerst', hat Pûsjkin ek proaza neilitten lykas 'Skoppenfrou', 'De skiednis fan Poegatsjov' en 'De kapteinsdochter'.

Bibliografy (ûnfolslein)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Vol'nost' (= Frijheid) (1817) (gedicht)
  • Oan Tsjaadajev (1818) (gedicht)
  • Roeslan en Ljoedmila (1820) (gedicht)
  • De finzene fan de Kaukasus (1822) (gedicht)
  • De fontein fan Bachtsjisaraj (1824) (gedicht)
  • Sigeuners (1827)
  • De moar fan Peter de Grutte (1827)
  • Poltava (1829)
  • Kleine tragediën (ûnder oaren "De stenen gast", "De vrekkige ridder", "Mozart en Salieri" en "Een feest tijdens de pest") (1830)
  • Poët i tolpa (= De dichter en de massa) (1830)
  • Myn stambeam (1830) (gedicht)
  • Boris Godoenov (1831) (drama)
  • Ferhalen fan Ivan Petrovitsj Belkin silger(1831) (proaza)
  • De vertelling van Tsaar Saltan (1831) (gedicht)
  • De vertelling van de gouden haan (1834)
  • De vertelling van de visser en de vis (1835)
  • Jevgeni Onegin (1825-1832) (roman yn fersen)
  • De bronzen ruiter (1833) (gedicht)
  • Schoppenvrouw (1833)
  • De skiednis fan Poegatsjovs reboelje (1834) (proaza)
  • De kapteinsdochter (1836) (histoaryske roman)

Neitins[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rûbel mei Pûsjkin's byltnis.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Dr. E Waegemans - Russyske letterkunde. Oersjoch fan de wichtichste skriuwers en streamingen fan Pûsjkin oant Soltsjenitsjin, 1988.
  • Karel van het Reve - Geschiedenis van de Russische literatuur, fan Vladimir de Hillige oant Anton Tsjechov, 1985.