Andrej Bely

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Andrej Bely, portret fan Leon Bakst

Andrej Bely (Russysk: Андрей Белый), pseudonym fan: Boris Nikolajevitsj Bugajev (Russysk: Борис Николаевич Бугаев) (Moskou, 26 oktober 1880 - dêre, 8 jannewaris 1934) wie in Russysk skriuwer en dichter en literatuerkritikus.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Bely wie in soan fan in foraroansteand wiskundige; hy studearre fan 1899 oant 1901 natuerwittenskippen oan de Universiteit fan Moskou. Rillegau dêrnei wijde er him oan de literatuer en waard úteinlik mei Aleksander Blok, de meast foaroansteande fertsjintwurdiger fan it Russysk symbolisme.

Bely wie in man fan kontrasten. Hy wie in grut stilist, stie posityf foar de futuristen oer, wenne in skoft yn Switserlân as learling fan Rudolf Steiner en waard úteinlik Marxist.

Nei 1917 preke Bely in soarte fan religieusk en revolúsjonêr kleure messianisme. Yn it poëem "Kristus is verrezen" (1918) stelt hy dat de Russyske Golgotha (revolúsje) nedich is foar de rêding fan it minskdom. Soksoarte ideeën waarden ek útwurke yn syn "Frije filosofyske assosjaasje".

Yn 1922 emigrearre Bely nei Berlyn, mar yn 1923 gie er werom nei Ruslân, dêr't er om reden fan syn revolúsjonêre opfettings tolerearre waard.

Bely skreau fan de jierren tweintich ôf ek in protte autobiografysk wurk. "Herinneringen oan Blok" (1923) en syn memoires yn trije dielen ("Op de grins fan twa ieuwen", "It begjin fan de ieu" en "Tusken twa revolúsjes", 1930-1936), sketsts hy wol in tige subjektyf mar dochs raak byld fan it yntellektuele en literêre libben tusken 1900 en 1917. Yn 1934 ferskynde syn stúdzje "It masterlike fakmanskip fan Gogol" dêr't er bot om priizge waard. Bely wie yn it earstoan fral dichter, mar syn ynfloed op de Russyske letteren giet dochs fral fan syn romans út, benammen "De sulveren do" (1909), "Sint-Petersburg" (1913, fannijs besjoen 1922) en "Kotek Letaev" (1922). Bely wurdt as prozzaskriuwer wol "de Russyske Joyce" neamd. Hy stribbe nei in magyske wurking fan de taal troch klanken, ritmen, bylden en metafoaren. De regels fan syntaksis en grammatita steure er him net oan, dat syn wurk is net altyd like maklik te lêzen.

Sint-Petersburg[bewurkje seksje | edit source]

Bely syn meast ferneamde wurk is Sint-Petersburg, skreaun tusken 1913 en 1916. De roman spilet oan de foarjûn fan it ynstoarten fan it tsareryk en sketst in demoanyske stedsatmosfear. Under de burokrasy fan it regear fan de tsaar broeit in frjemde sfear fan nachten sûnder sliep, sigaretten en alkohol, dy't Bely op in yngeande wize ferbyldet. De kearn fan it ferhaal is in terroristyske oanslach, dy't de soan fan in tsaristysk funksjonaris fanwege in revolúsjonêre organisaasje op syn eigen heit útfiere moat. De revolúsjonêren blike lykwols soms de reaksjonêren te wêzen en oarsom. Wat in geniale feroaring fan de rin fan de skiednis liket, blykt feitlik in spul fan terreur en kontraterreur te wêzen, dy't de revolúsje fersmoard. Nabokov woe hawwe dat de roman Petersburg ien fan de fjouwer grutst romans fan de tweintichste ieu wie, njonken Ulysses fan Joyce, À la recherche du temps perdu fan Proust en Die Verwandlung fan Kafka.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • E. Waegemans: Russische letterkunde, 1986, Utrecht
  • A. Bachrach e.a.: Encyclopedie van de wereldliteratuur, 1980, Bussum
  • Maarten Tengbergen: Klassieken van de Russische literatuur, 1991, Utrecht